Ballum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Nochris wat
Rigel 5:
== Skiednis==
=== De Cammingha's ===
Yn de [[15e ieu]] wennen de Cammingha's hjir, de eardere frijhearen fan it eilân. It [[Jelmerastate|slot fan de Cammingha's]] is yn [[1829]] ôfbrutsen. Sawat op it âlde stee is yn [[1975]] in nij gemeentehûs set. Ballum waard derom ek wolris kastielresidinsje neamd. Dêr is eins neat mear fan oer. De grêfstien dy't de grêfkelder eartiids ôfsleat is no de flier fan it lykhúske fan Ballum.
 
=== En fierders ===
Der moat ea noch in Jelmerastate stien hawwe.<br>
Ut de [[18e ieu]] binne noch âlde huzen mei ankerdatearringen bewarre bleaun. De [[pleats]]en toane it boereferline fan it doarp oan. De buorren fan Ballum binne in [[beskerme doarpsgesicht]].
De âlde byldhoude preekstoel yn de herfoarme tsjerke is it besjen wurdich.
 
Oant de [[Twadde Wrâldkriich]] wie der tsientallen jierren lang de feartsjinst tusken Swarte Harne en Ballum. Yn 1940 waard de feartsjinst troch de Duiters fuortset fanôf de pier fan [[Holwert]] nei [[Nes (It Amelân)|Nes]].
 
== Fleanfjild ==