Odo Botnia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
L [[]], oars net.
Rigel 4:
Neffens de 16e ieuwske boarne wie Odo de soan fan Feicko Botnia, in ealman fan [[Marrum]], dy't dêr op de [[stins]] Botnia wenne. Hy wie in neisiet fan de âlde [[Odo Botnia]], dy't al yn it jier [[900]] yn Marrum in stins boude. Dy stins waard yn it jier [[1708]] noch bewenne troch Helena Botnia, as lêste fan de Botnia's.
 
Hy wie in dapper, ûnferfeard en "kloekmoedich" kriichsman, dy't mei syn sweager Jackla Jeppema skrik ûnder de [[Skieringers]] fersprate en dy't, holpen troch de [[LikebruorrenLikebroer|likebruorren]] fan [[Foswert]], troch moardzjen, baarnen en rôvjen, de Skieringers yn [[Westergoa]] in ferskuorrende protte neidiel tabrocht hat.
 
De skieringers [[Sytse Dekama]] en [[Gale Hania]] wienen nei sân jier tsjinst yn it bûtenlân by frjemde steaten weromkomd. By harren weromkommen fûnen se harren stinzen yn Weidum troch de [[fetkeapers]] ferwoaste. Dat wie de oanlieding foar it gefjocht op de [[Slach op de Menamer-mieden|Menamer mieden]].