Johann Gutenberg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Amirobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: arz:جوتينبريج
L better tocht ik
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gutenberg.jpg|thumb|''Johannes Gutenberg (postúm portret, libjend is hy net ôfbylde)]]
'''Johannes Gensfleisch zur Laden zum Gutenberg''' ([[Mainz]], ± [[1400]] - dêre, [[3 febrewaris]] [[1468]]) wie in [[Dútslân|Dútsk]] printer. Hy jildt as de [[útfiner]] fan de [[boekdrukkeunst]] mei losse letters. Hy wurke yn [[Straatsburch]] (± 1440) en [[Mainz]] (± 1450). Syn bekendste wurk is de yn [[1455]] foltôge [[Gutenbergbibel]].
 
Johannes Gutenberg wie in Dútske goudsmid en útfiner dy't bekend waard troch de Gutenberg-parse, in fernijende drukmasine dy't losse en ferfangbere houten of metalen letters brûkte. Earder bestie al de [[blokdruk]], dêr't ien side mei printe wurde koe; de hiele side waard yn ien kear yn in blok snien.

Yn [[1438]] gie Gutenberg in saaklike oerienkomst oan mei Andreas Dritzehn, dy't syn eksperiminten betelle. Yn [[1450]] gie er in twadde oerienkomst oan mei de Dútske sakeman Johannes Fust dy't it mooglik makke om in drukkerij te begjinnen om dielen fan de no ferneamde Gutenberg-bibel te printsjen. Op 30 septimber [[1452]], waard de [[bibel]] fan Johann Guttenberg publisearre.
 
Gutenberg syn printmetoade wie it begjin fan it makliker en goedkeaper beskikber meitsjen fan teksten yn grutte oantallen. Nije techniken as it off-set printsjen binne derfan ôflaat.