Rienck Bockema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L opmaak
red
Rigel 4:
Rienck Bockema wenne op de [[stins]] [[Rodenburch stins|Rodenburch]]. Yn 1398 waard hy troch de Hollânske greve [[Albrecht fan Beieren]] beliend mei it baljuwskip fan Olde Waghenbrugghe, dat de hiele Súdwesthoek besloech. De namme ''Wagenbrugge'' is letter ''Weinbrits'' wurden, fandêr de namme Wymbritseradiel. It baljuwskip hie er krigen fan de Hollânske greve om't er [[Fetkeapers|Fetkeaper]] wie. Albert fan Beieren hat in skoftlang in protte ynfloed hân yn Fryslân en troch de partij fan de Fetkeapers waard er stipe, mei de oare Fryske partij de [[Skieringers]] hied er in soad te stellen.
 
Doe't de [[Skieringers]] yn 1400 súkses hiene tsjin de greve binne in soad Fetkeaper eallju flechte nei [[Starum]], dat it lêste bolwurk fan greve Albrecht wie. Bockema is tusken [[1399]] - [[1402]] balling wêstwest yn Hollân. De [[stins]] Rodenburch is dêrnei ferwoaste troch de [[Snits|Snitsers]].
 
Yn [[1406]] kaam Rienck werom en stifte it [[Kleaster Thabor]] by [[Turns]], dêr't hy yn [[1410]] sels yn gie. Hy waard opfolge yn syn rjochten as haadling troch syn skoansoan [[Agge Harinxma]].
 
Rienck hat yn syn libben in protte fochten û.o. tsjin Litouwers en tsjin de Turken. Hy hat in pylgerreis makke nei JeruzalemJeruzalim.
 
Yn Snits is in de Rienck Bokkemakade nei him neamd.