Tibearius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Tiberius krige syn posysje troch syn mem [[Livia]], dy't de twadde frou wie fan keizer [[Augustus Oktavianus|Augustus]]. Hy waard ien fan syn wichtichste luitenants en joech lieding oan militêre kampanjes yn Dútslân en bij de Donau. As útfiering fan harren gesinsbelied, waard hy yn [[12 f. Kr.]] twongen ta in polityk houlik mei [[Fipsania]], dochter fan [[Markus Agrippa Fipsanius|Agrippa]]. Dat houlik waard letter op gesach fan Augustus ûntbûn en moast er boaske mei [[Julia Kaesaris]], dochter fan Augustus, en widdo fan syn skoanheit Agrippa. Dat twadde houlik wie gjin sukses en mislearre. Tiberius gie yn sels opleine ballingskip nei it eilân [[Rodos]].
 
Inkele jierren letter kearde hy werom, nei de dea fan ien fan Julia har soannen by Agrippa, Gaius en Lusius, en waard Augustus syn erfgenamt. Doe't Augustus yn [[14]] ferstoar waard hy de nije keizer fan it Romeinske Ryk. Tiberius waard al gau populêr, en doe syn miich [[Germanikus]] stjerre ûnder mysterieuze omstannichheden yn it Easten yn 19, waarden fermoedens uten dat hy dêr in rol yn hie.