Tibearius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Tiberius krige syn posysje troch syn mem [[Livia]], dy't de twadde frou wie fan keizer [[Augustus Oktavianus|Augustus]]. Hy waard ien fan syn wichtichste luitenants en joech lieding oan militêre kampanjes yn Dútslân en bijby de Donau-grins. As útfiering fan harrenAugustus gesinsbelied, waard hy yn [[12 f. Kr.]] twongen ta in polityk houlik mei [[Fipsania]], dochter fan [[Markus Agrippa Fipsanius|Agrippa]]. Dat houlik waard letter op gesach fan Augustusde keizer wer ûntbûn en moast er boaske mei [[Julia Kaesaris]], dochter fan Augustus, en widdo fan syn skoanheit Agrippa. Dat twadde houlik wie lykwols gjin sukses en mislearre. Tiberius gie yn sels opleine ballingskip nei it eilân [[Rodos]].
 
Inkele jierren letter kearde hy werom, nei de dea fan ien fan Julia har soannen by Agrippa, Gaius en Lusius, kearde hy werom en waard Augustus syn erfgenamt. Doe't Augustus yn [[14]] ferstoar waard hy de nije keizer fan it Romeinske Ryk. Tiberius waard al gau populêr, en doe syn miichneef [[Germanikus]] stjerre ûnder mysterieuze omstannichheden yn it Easten yn 19, waarden fermoedens uten dat hy dêr in rol yn hie.
 
Tiberius brocht in grut part fan syn lêste regear troch yn sels opleine ballingskip op it eilân [[Kapry]]. It regear oer it Ryk liet er doe oer oan [[Sejanus]], it haad fan de [[Praetorjaanske garde]]. Sejanus, dêr't oer kletst waard dat er de ienige soan fan Tiberius, [[Tiberius Drusus]] fergiftige hie en dy't in affêre hie mei de widdo fan Drusus [[Livilla]], set útein mei in terreurbewâld tsjin mooglike politike fijannen. De widdo fan Germanikus en har soannen Nero en Drusus, waarden ferbannen nei lytse eilannen dêr't sy stjerre soenen.