Britsk Museum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.6.5) (Bot - oars: ko:영국 박물관
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - oars: zh-min-nan:Tāi-eng Phok-bu̍t-koán; tekstwiziging
Rigel 2:
[[Ofbyld:British Museum Great Court roof.jpg|thumb|Great Court]]
 
It '''Britsk Museum''' is nasjonale museum fan it [[Feriene Keninkryk]] en hat ien fan de grutste kolleksjes fan de wrâld. It museum is yn Great Russellstrjitte yn [[Londen]].
 
Alle jierren besykje likernôch 5 miljoen minsken it museum dat in wiidweidige kolleksje fan âldheden en útsûnderlike keunstfoarwerpen út âlde beskavings en fan distiid ta syn foldwaan hat. De samling oerbrêget mear as in miljoen jierren skiednis fan de minskheid en wurdt sjoen as ien fan de moaiste op 'e wrâld. De âldste foarwerpen binne stienen ark út de [[Oldowan|Oldowaanske]] perioade (1.600.000 oant 700.000 f. Kr.), de jongste, munten dy't net lang lyn slein binne. It grutste foarwerp is in poarte fan 16 ton mei in bolle mei wjukken út [[Dur-Sharrukin]]; it lytste in muntsje fan amperoan 0,002 gram út [[Nepal]].
 
== Skiednis ==
It museum tanket harren ûntstean oan Sir [[Hans Sloane]] (1660-1753), dy't syn grutte samling keunstwurken en boeken neiliet oan de steat. Om dizze samling foar it lân bewarje te kinnen, bekrêftige it parlemint yn [[1753]] de "British Museum Act". Om dizze kolleksje mei dy fan oare skinkingen (fan de famylje Cotton en fan de greven fan Oxford) goed ûnder bringe te kinnen, wie jild noadich; dat ynsammele waard troch in lotterij te organisearen.
 
De behearders fan it museum krigen de opdracht de samling ''yn stân te hâlden, net allinnich foar besichtiging troch en ferdivedaasje fan de ûntwikkelden, mar ek foar it algemien gebrûk en it profyt fan de mienskip''. De samling waard ûnderbrocht yn Montagu House, boud troch P. Puget yn 1686, en yn 1759 offisjeel iepene. Wat nij oan it museum wie en tige bysûnder yn dy tiid, wie dat de ynstelling it besit fan de naasje wie en net, lykas it gefal wie by de wichtige bûtenlânske kolleksjes, fan foarst, tsjerke of partikulier.
 
De kolleksje waard troch de soad skinkingen en oankeap tige útwreide. Yn 1757 skonk [[George II fan Grut-Brittanje|George II]] ''The Old Royal Library''. Yn 1778 waard de Otaheiteseal iepene dy't de wûndere foarwerpen befettet dy't ekspedysje fan [[James Cook]] út de Stille Súdsee meibrocht hie.
 
Yn 1802 skonk [[George III fan it Feriene Keninkry|George III]] neist de [[Stien fan Rosetta]] wichtige Egyptyske âldheden; it parlemint besleat yn 1816 ûnder mear ta oankeap fan de byldenkolleksje fan [[Lord Elgin]]. Yn 1823 skonk [[George IV fan it Feriene Keninkryk|George IV]] ''The Kings Library'' fan syn heit.
 
Al gau barste Montagu House út syn foegen en wie in grutter gebou noadich. Yn 1823 ûntwurp Sir [[Robert Smirke]] it tsjintwurdige [[Neoklassisisme|neoklassisistyske]] museumgebou (1823-1847). En yn 1854 waard, neffens in ûntwerp fan syn broer Sydney, de rûne ''"Reading Room"'' fan de bibleteek boud, mei ien fan de grutste koepels op de wrâld. Hoewol't de [[British Library]] yntusken losmakke is fan it ''British Museum'' en yn [[1998]] ferfarre nei in hiel nij, eigen ûnderkommen by St Pancras, earne oars yn Londen, waard besletten de ''Reading Room'' te behâlden, op te nimmen yn in grutte renovaasje en ferfolgens iepen te stellen foar it grutte publyk, itjinge yn [[2000]] barde.
 
== Kolleksje ==
Rigel 23:
Yn it museum lizze boeken, in protte kostbere orizjinele hânskriften (û.o. dy fan de [[Magna Carta]] en de [[Codex Alexandrinus]]), Egyptyske reliëfs, Etruskyske potten, tekenings, [[printenkabinet|printen]], Egyptyske, Assyriske, Gryskske en Romeinske âldheden, byldhouwurk, sieraden, munten en penningen, foarwerpen út de brûns- en stientiid en út de Midsieuwen, mar ek de grutste samling postsegels fan de wrâld.
 
De ferneamde [[Elgin Marbles]] en de [[Stien fan Rosetta]] hearre ta de 4000 hichtepunten fan de kolleksje.
 
De tagong ta it museum is fergees, behalve foar de bysûndere tentoanstellings.
Rigel 137:
[[zh-classical:大英博物館]]
[[zh-yue:大英博物館]]
[[zh-min-nan:BritishTāi-eng MuseumPhok-bu̍t-koán]]