Dirk Fontein de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling fan Strjitten yn Damwâld
L [[]]
Rigel 6:
Op lânboukundich gebiet makke er namme; hy wie lid fan de Oarder fan de Nederlânske Liuw en oprjochter fan de 'Onderlinge Dantumadeel'. Dirk Fontein de Jong naam yn 1872 it inisjatyf ta oprjochting fan de Onderlinge Brandwaarborgmaatschappij Dantumadeel.
 
Hy waard beneamd as sekretaris/boekhâlder, dat er oant 1897 die. Yn 1864 krige hy sitting yn de kommisje, dy't as doel hie om de Jantsje Seepolder yn te rjochtsjen. Yn 1878 waard er bestjoerslid fan it Noarder Reidfjild ûnder [[Broek ûnder IkkerwâldeIkkerwâld]] en wie yn dat jier sekretaris fan de wetterskippen Tusken Lytsen en de Fennen en Hoogfenne ûnder Ikkerwâld, wylst hy sitting krige yn de kommisje, dy't as taak hie it wetterskip De Borken op te rjochtsjen. Fierders wie hy foarsitter fan it bestjoer fan de naai- en breiskoalle yn Broek ûnder Ikkerwâld, dy't yn 1872 oprjochte waard en ponghâlder fan de naai- en breiskoalle yn Moarrewâld.
 
Yn 1881 waard de sparbank fan 'it Nut' orjochte as fuortsetting fan de sparkassen yn de ferskate doarpen. Dirk Fontein de Jong hie mei Arnoldus Prakken it behear fan de sparbank yn Moarrewâld. Op 29 jannewaris 1898 ferstoar Dirk de Jong hommels, hy waard 61 jier.