Jugendstil: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: pnb:آرٹ نوو
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: jv:Art Nouveau; tekstwiziging
Rigel 5:
Rûchwei kinne twa rjochtingen ûnderskieden wurde: de iene wurdt skaaimerke troch in asymmetryske, weagjende line (Frankryk, Belgje); de oare rjochting hie in mear strakkere styl (Eastenryk, Nederlân: [[H. P. Berlage]]). De skilders út de Jugendstyltiid wurde wol oantsjut as [[symbolisme|symbolisten]] (Nederlân: [[Jan Toorop]]). Har wurk wurk fûn ek neifolging yn boekyllustraasjes en boekbannen.
 
Hoewol't Art Nouveau út de tiid rekke mei de komst fan allerhanne modernistyske stilen, wurdt it tsjintwurdich sjoen as in wichtige brêge tusken it histoarisearjende [[Neoklassisisme]] en it modernisme. Fierders jout de [[UNESCO]] Art Nouveau-monuminten geregeldwei in plak op har Wrâlderfgoedlist as erkenning fan har wichtige bydrage oan it kultuereel erfgoed.
 
== Beneaming ==
De oantsjutting jugendstil giet werom op de namme fan it wykbblêd ''[[Die Jugend]]'' dat fan jannewaris [[1896]] ôf yn [[München]] ferskynde. Besibbe streamings op oare plakken yn Jeropa hawwe ek oare nammen, dêr't ien fan, '''art nouveau''', lykas jugendstil in oerkoepeljende term wurden is. Art nouveau wurdt yn it generaal it meast brûkt foar de styl yn Belgje en Frankryk, jugendstil wurdt meast ferbûn mei Eastenryk en Dútslân. Neist dizze termen wurdt yn Nederlân de oersetting ''nieuwe kunst'' wol tapast op úteringsfoarmen fan de styl yn Nederlân sels. Dêrneist wurdt wol gekjeiend sprutsen fan slaoalje-, spaghetti- of fermisellistyl. Beneamingen foar oare pleatslike farianten binne ''Wiener Secession'' yn Eastenryk, it Ingelske ''modern style'' of ''Liberty style'', it Katalaanske ''[[Katalaanske modernisme|modernisme]]'' en de Russyske ''stil modern''.
 
Nettsjinsteande regionale ferskillen binne der inkelde kenmerken dy't hja mienskiplik hawwe: in optimistysk wrâldbyld en leauwe yn de takomst, in foarleafde foar it brûken fan nije, moderne techniken, tsjinsin fan symmetry en in foarkar foar ornamintyk, mei oerhearskjende blomme- en fûgelmotiven.
 
== Algemiene skaamerken fan jugendstil ==
it jugendstilornamint is gearstald út motiven dy't gewoanwei asymmetrische komposysjes foarmje mei in twadimensjonaal karakter, sa't men dy sjen kin op meubels, sieraden, lampen, bedrukte stoffen ensaf. De wichtichste ynspiraasjeboarne is de natoer. De motiven binne faak sierlik stileare planten en blommen mei lange stâlen (leeljes, kelken, irissen, papavers, roazeknop), fûgels (swannen, pauwen), libellen, de aaifoarm, wolke- wetter- en rotspartijen, faak kombinearre mei met slanke frouljusfigueren. Dizze ôfbylden waarden foaral op tegeltablo's tapast. Fral gebouwen dy't wat kostje mochten, sa as warehuzen, winkelpânen, apteken, fersekeringskantoaren, filla's en hotels waarden yn jugendstilstyl boud.
 
Rigel 30:
* [[Joseph Olbrich]]
* [[Johannes Mutters]]
* [[L.A.H. de Wolf]]
* [[Jan Willem Bosboom]]
[[FileOfbyld:Immeuble rue de l'église détail Porte.jpg|thumb|200px|''Art Nouveaupoarte fan Alfred Wagon'', 1905]]
<gallery>
Image:vase_Daum.jpg|Faas fan de Daum (studio) (±1900).
Rigel 54:
* {{aut|Sinderen, Wim van}} - ''Art nouveau in Friesland''.Utjouwerij Stichting ''Het Leven'', 1981.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.artcyclopedia.com/history/art-nouveau.html Art Nouveau op Artcyclopedia]
* [http://historie.residentie.net/anv.htm Art Nouveau yn De Haach]
Rigel 89:
[[it:Art Nouveau]]
[[ja:アール・ヌーヴォー]]
[[jv:Art Nouveau]]
[[ka:არტ-ნუვო]]
[[kk:Модерн]]