Harich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Wyldemerk - Verwijzing(en) gewijzigd naar Wyldemerk (buorskip)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling
Rigel 13:
'''Harich''' is in doarp yn de gemeente [[Gaasterlân-Sleat]], noardwest fan [[Balk]]. It doarp hat likernôch 210 ynwenners (2004).
 
Harich wie eartiids it bestjoerlik sintrum fan Gaasterlân. De mitsele toer yn de buorren is út de [[12e ieu]]. De tsjerke is fan [[1663]]. Boppe de doar fan it tsjerke sit in stien dy't ferwiist nei it ynstoarten fan'e tsjerke troch in stoarm yn [[1662]]. Oan beide kanten fan de stien stiet in earn mei in iketûke yn'e snaffel en it wapen fan Harichster Dr. [[Johannes Scheltinga]]. De Wyldemerk besuden it doarp wie eartiids in bekend merkeplak. Yn de fytiger en sechtiger jierren wie by it doarp in [[ambonezekamp]].
 
Harich is fan âlds in boeredoarp dat ûntstie oan de âlde trochgeande wei fan Koudum nei [[Wâldsein]]. De wei rint op de râne fan it Gaasterlânske sân wêrtroch der hichteferskil is tusken de noard- en súdkant. De namme komt ek foar as ''Harg(h)'', ''Horch'', ''Haerych'' en ''Harig''. Harich bestie earst út fjouwer dielen: de Westerein, de Frisbuorren, de Tsjerkebuorren en de Lorbuorren. It doarp hie earder in eigen [[gersdroegerij]].
 
== Mienskip ==
Doarpshûs Ons Gebouw sit yn de âlde skoalle oan de Stinsenwei. Men wenne earder 'op Harich'.
 
=== Befolking ===