Berlynske Muorre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Keppeling om utens: fandalisme weromsetten
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
printsje der by
Rigel 1:
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 183-1986-0813-460, Berlin, Parade von Kampfgruppen zum Mauerbau.jpg|thumb|''Parade by de bou fan de Berlynske muorre'']]
De '''Berlynske Muorre''' ([[Dútsk]]: ''Berliner Mauer'') hat de stêd [[Berlyn]] yn twa stikken parte fan [[1961]] oant [[1989]]. Tefolle minsken seagen dit as in symboal fan de [[Kâlde Kriich]]
 
== Dútslân nei de twaddeTwadde wrâldkriichWrâldkriich ==
[[Ofbyld:Besatzungszonen ohne text.gif|thumb|right|Dútske besettingsône nei de twadde wrâldkriich]]
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Dútslân parte yn ferskate sônes, ien foar eltse alliearde naasje: [[Frankryk]], [[Grut-Brittanje]], de [[Feriene Steaten]] en de [[Sowjetuny]]. Oer it generaal sjoen wie Dútslân parten yn fjouwer sônes. Mar ek de haadstêd [[Berlyn]] wie yn fjouwer besettingsônes parte, en wie dêrtroch in eilân yn de Sowjet sône. Yn 1949, binne de Frânske, Britske, en Amerikaanske sône gearfoege ta de ''[[Federale Republyk Dútslân]]'' (''Bundesrepublik Deutschland'', ''BRD''). De Sowjet sône krige de namme ''[[Dútske Demokratyske Republyk]]'' (''Deutsche Demokratische Republik'', ''DDR''). Fergelykjend wie [[Eastenryk]] ek parte yn ferskate sônes (letter ûnder it regear fan ien lân). Itselde barde oer hiel Jeropa, der wie in eastlike Sowjet sône en in westlike net-Sowjet sône. Dit partsjen fan Jeropa, Dútslân en benammen Berlyn ta twa politykepolitike blokken wurd as in part sjoen fan de [[Kâlde Kriich]] tusken de Feriene Steaten mei Jeropeeske lannen tsjin de Sowjetuny mei lannen ûnder harren regear, as gefolch fan it winnen fan de twaddeTwadde wrâldkriichWrâldkriich op [[Nazi-Dútslân]].
 
== Hoe't de muorre ta stân kaam ==
Sûnt it partsjen fan Dútslân yn 1949, binne likernôch twa miljoen East-Dútsers as gefolch fan it [[Kommunisme]] útnaait nei [[West-Dútslân]]. Om it flechten te stopjen joech it Kommunistysk regear fan East-Dútslân yn augustus [[1961]] it befel in muorre te bouwen om West-Berlyn te isolearjen en East-Berliners net flechtsjenflechtsje te litten. <br />
De Berlynske muorre wie in part fan it saneamde [[Izeren Gerdyn]], de sletten en goed bewaaktebeweitse grins tusken it westen en it easten.
 
== It ein fan de muorre ==
Yn de rin fan 1989 kamen der brekken yn it Izeren Gerdyn, earst yn de grins tusken Hongarije en Eastenryk. In protte minsken makken gebrûk fan dizze rûte om yn it westen te kommen.<br />
Op [[9 novimber]] [[1989]] joech ien fan de heechste DDR partijlieders oan dat de grins frijjûn waard en de minsken frij nei West-Berlyn reizgje mochten. Dit wie it begjin fan in gaoatyske situaasje wêrby't miljoenen ynwenners fan Berlyn feesten op de ein fan de muorre. De grinswachten lieten de minsken gewurde en dy brutsen de grinsposten iepen om sa besite te bringen oan harren besibbe famylje.
 
== Keppeling om utens ==