Falomster Feart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling nl:
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
De namme ''Falomster Feart'' jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme ''Valomstervaart''.
 
== Skiednis ==
De Falomster Feart waard yn de 16e ieu groeven om it oerskot oan wetter kwyt te reitsjen en sa koe de turf makliker ôffierd wurde. It grutte beswier fan de Falomster Feart wie, dat it sâlte wetter hjirlâns fierder it lân ynkringe koe mei stoarmfloeden. De namme Brakken wiist noch op dit sâlte wetter. Fêst stiet, dat der ten easten in gebiet wie mei sâlt of brak wetter en ten westen in swietwettergebiet en dat de Falomster Feart kâns joech ta ferminging. Dit koe foarkomd wurde troch by De Falom in slûs te bouwen. Mooglik wie soks te djoer en is der in [[oerhaal]], kielwindeweer, oertoom of [[falom]] oanlein. Hjir waard dan it skip oerhinne lutsen troch in ynstallaasje. Sa soe it buorskip oan syn namme komd wêze.
De ferfeanting gie troch oant begjin 20e ieu. Om [[1910]] waard it lêste heechfean tusken [[De Westereen]] en De Falom ôfgroeven. Dit fean wie sa sâlt, dat it net as normale brânstof ferkocht wurde koe. De gemeente hat it ôfgrave litten om dizze as branje foar de skoallen te brûken. Yn de [[18e ieu]] waard begûn mei it ôfgraven fan it leechfeangebiet, wat trochgie oant yn de [[19e ieu]]. De [[klyn]] waard opbaggele en mei [[pream]]men ferfierd nei in heger lizzend plak om hjir ferwurke te wurden ta baggelturf.
Nei de ferfeanting waard de grûn brûkt foar bou- en greidlân. Yn it leech lizzende wetterrike gebiet waard in soad fiske. De fiskfangst betsjutte in wichtige boarne fan ynkomsten foar de earme befolking. Hiel lang rûnen de belangrykste ferbinings mei de bûtenwrâld oer it wetter. De Falomster Feart wie dus in belangrike ferbiningsmooglikheid, ek as omwei fan Ljouwert nei de [[Lauwerssee]], om de tollen yn de [[Dokkumer Ie]] te omsilen. Oant ein 17e ieu rûn de lânwei fanôf Dokkum/[[Moarrewâld]] ([[Damwâld]]) oan de feart ta. Letter waard de wei trochlutsen oant Feanwâlden.
Oer de feart waard in ophelbrêge lein en der kamen in tolhûs en en herberch by te stean. De wichtige noard-súdferbining waard ± [[1850]] ferhurde en rjochtlutsen.
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [http://www.itkindesign.nl/ Oer de falomster Feart]
}}
[[Kategory:Wetter yn Dantumadiel]]