Algemien Begraafplak fan Snits: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
red. [[]]
Rigel 2:
 
It hôf waard yn [[1827]] yn gebrûk naam, in pear jier earder as de bedoeling wie. Oarsaak: in ôfgryslike epidemy, feroarsake troch in oerstreaming. <br>
Troch in [[Stoarmfloed fan 1825|swiere stoarm]] yn kombinaasje mei in springfloed bejoegen yn de nacht fan 3 op 4 febrewaris 1825 de diken it, dy't de Fryske [[Súdwesthoeke]] beskermen tsjin de [[Sudersee]]. It sâlte wetter ferovere de iene polder nei de oare en krong djip de provinsje yn.
Op [[6 febrewaris]] wie it heech lizzende sintrum fan Snits in eilân wurden yn in ûnúteagbere wetterflakte en it wetter yn de stedsgrêften stie heger as ea. It soe oant heal april duorje ear't it lân om de stêd hinne droechfoel. It wetter hie gâns skea feroarsake: tûzenen dieren wiene omkommen en mannich boer moast mei biddeljen troch de tiid komme. Lykwols, it slimste moast noch komme: de [[goalera]].
 
Nei de oerstreaming bruts in [[goalera]]epidemy út. Hast in tsiende part fan de befolking stoar oan de besmetlike sykte. De goalera betsjutte ek ekonomysk in klap foar Snits. De stêd moast in soad jild útjaan om maatregels treffe te kinnen dy't de gefolgen fan de goalera beheine moasten en it op 'e nij útbrekken fan de sykte tefoaren komme moasten.
Troch in swiere stoarm yn kombinaasje mei in springfloed bejoegen yn de nacht fan 3 op 4 febrewaris 1825 de diken it, dy't de Fryske Súdwesthoeke beskermen tsjin de Sudersee. It sâlte wetter ferovere de iene polder nei de oare en krong djip de provinsje yn.
 
Op 6 febrewaris wie it heech lizzende sintrum fan Snits in eilân wurden yn in ûnúteagbere wetterflakte en it wetter yn de stedsgrêften stie heger as ea. It soe oant heal april duorje ear't it lân om de stêd hinne droechfoel. It wetter hie gâns skea feroarsake: tûzenen dieren wiene omkommen en mannich boer moast mei biddeljen troch de tiid komme. Lykwols, it slimste moast noch komme: de goalera:
 
== Goalera ==
Yn de simmer fan [[1826]] stonk it súdlik fan de himdiken fan Snits nei rotsjend gers, dat troch it seewetter ôfstoarn wie. Talrike wellen en reinwettersbakken wiene bedoarn om't der kringen yn lein hiene; skjin drinkwetter wie amper te krijen. It ûngewoan hjitte waar fan dy simmer wie dêrnei it lêste triuwke dat nedich wie om de goalera útbrekke te litten.
 
De besmetlike sykte gie yn de hiele [[Súdwesthoeke]] om, mar foaral yn Snits. Yn it begjin fan 1826 telde Snits 6379 ynwenners. Wie it stjertesifer yn Snits tusken 184 en 1844 it jier yn trochsneed 183, yn 1826 wie it 545. Hast in tsiende part fan de befolking stoar dus yn 1826 en yn 1827 ferstoaren 326 ynwenners. Hoefolle fan harren stoaren oan de sykte is net bekend, mar it is wol dúdlik dat dêrtroch hiel wat slachtoffers foelen.
 
De goalera betsjutte ek ekonomysk in klap foar Snits. De stêd moast in soad jild útjaan om maatregels treffe te kinnen dy't de gefolgen fan de goalera beheine moasten en it op 'e nij útbrekken fan de sykte tefoaren komme moasten.
Line 37 ⟶ 33:
== Ekstra ynformaasje ==
Yn de histoarje bestiet it byld dat de sykte dy't yn 1826 en folgjende jierren yn Snits omgie, goalera wie. Dat kin net sa wêze, want goalera kaam yn 1832 foar it earst yn Nederlân foar. Der gie yn de jierren nei 1826 dus in oare besmetlike sykte om. De medyske wittenskip wie net safier foardere dat de minsken de sykte thúsbringe koene. Wierskynlik wie it tyfus of malaria. Nei alle gedachten hawwe de minsken letter, nei't Nederlân freeslike ûnderfiningen mei goalera opdien hie, tocht dat de sykte fan 1826 ek goalera west hawwe moast. Dat soe ferklearje kinne wêrom't it byld ûntstien is dat Snits nei de wettersneedramp fan 1825 te lijen hie fan goalera.
 
== Sjoch ek ==
* [[Grinzer sykte]], oer de [[malaria]]-epidemy dy't de stoarmfloed fan 1825 yn Grins fan gefolgen hie.
{{Boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Herre Halbertsma}} artikels yn it Sneeker Nieuwsblad fan 21 juny 1984