Grinzer sykte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
sjoch ek
Rigel 2:
De '''Grinzer sykte''' (ek wol ‘''tussenpozende koortsen''’ neamd) dy't yn [[1826]] útbriek wie in [[malaria]][[epidemy]] dy't hast 10% fan de befolking fan [[Grins (stêd)|Grins]] (totaal 2.844 minsken) it libben koste.
 
Yn febrewaris [[Stoarmfloed fan 1825|febrewaris 1825]] wiene der ferskate dyktrochbrekken, dat it lân strûpte ûnder. It rotsjen fan planten en kadavers yn it sompich lân, tegearre mei it trochbraken fan de Rietdijk yn Grins yn 1826 –dy't de stêd blank sette- soarge yn de hjitte maitiid en simmer fan 1826 foar in gaadlike fiedingsboaiem foar de [[Parasyt|parasiten]] dy't de sykte ferspriede soene.
 
De sykte soe him net allinne yn Grins en omkriten oppenearje, mar ek [[Fryslân]] en de Dútske Waadkriten waarden rekke. Yn [[Snits (stêd)|Snits]] telde men trije kear safolle deaden as oars yn 1826.
Rigel 9:
* It grutte tal deaden die de Ried fan de [[Martinitsjerke (Grins)|Martinitsjerke]] yn Grins besluten om by begraffenissen net mear te kloklieden, omdat dit in negatyf effekt op de minsken hawwe soe.
* De diskusje oer it begraven fan deaden yn tsjerke en tsjerkhôf yn'e stêd lôge wer op nei dizze epidemy. In protte medisy en bestjoerders wiene fan betinken, dat begraafplakken yn de stêd grutte boarnen fan besmetting foarmen. De stêd Grins gie mei dêrom yn [[1827]] oer ta de oanlis fan it Suder- en Noarderbegraafplak.
 
== Sjoch ek ==
* [[Begraafplak fan Snits]], oer de [[goalera]]-epidemy dy't de stoarmfloed fan 1825 yn [[Snits]] fan gefolgen hie.
 
{{boarnen|boarnefernijing=