Amish: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Demografy: puntsje fergetten
Rigel 33:
 
== Leauwen en libben ==
It leauwen en it deistige libben binne by de Amish hiel sterk mei-inoar ferbûn. De grûnslach fan it leauwen leit yn de [[bibel]]. De Amish binne hiel bot tsjin heechmoed (heechhertige grutskens) en libje yn in stimming fan dimmene ûnderwurpenheid oan God. De Amish sjogge in grut ferskil tusken harsels en de wrâld om har hinne. De wrâld om har hinne sjogge de Amish as ferkeard en bedoarn troch yndividuele autonomy, jild en technology. De Amish binne pasifisten dy't in sober mienskipslibben mei dêryn in lyts plak foar ûnderwiis as ideaal sjogge.
 
De tsjerketsjinsten wurde om de twa wike by de leden thús hâlden. Oer it generaal duorje de tsjinsten sa'n trije oant fjouwer oeren. Der wurde twa preken hâlden, in lange en in koarte. De prekers hawwe gjin teologyske stúdzje dien. By de tsjinst wurdt oerstadich en monotoon sjongen út in sangboek út it jier 1654.<ref>[http://www.digibron.nl/search/share.jsp?uid=00000000012dc2a4a2cc2c598314e913&sourceid=1011 digibron.nl] Een afgezonderd volk (út it Reformatorisch Dagblad)</ref> Nei de tsjinst ferlitte de manlju it hûs, de froulju bleauwe binnen om iten te sieden. As alle manlju iten hawwe meie de froulju ite en dêrnei it hûs oprêde.