Ferskil tusken ferzjes fan "Offenwier"

red
(oanp)
(red)
[[Ofbyld:Map NL Snits Offenwier.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Offenwier]]
'''Offenwier''' (''offisjeel Nederlânsk: Offingawier'') is wie lytste doarp yn de eardere gemeente [[Snits (gemeente)|Snits]], east fan de stêd. Sûnt 2011 heart Offenwier by de gemeente [[Súdwest Fryslân]]. It is ien fan de doarpen fan de [[Snitser Fiifgea]] en is diel fan [[De Legean]]. It doarp hat 162 ynwenners (2006). Dochs is it frij grut kwa oerflakte. Dit komt omdat de doarpsgrûn oan de [[Snitser Mar]] ta rint. Dêr is ek it Paviljoen Snitser Mar, in wichtich toeristysk sintrum yn de gemeente.
 
It doarp komt al yn 1328 foar as ''Offinghewere''. De plaknamme soe "opsmiten hichte fan Offe" betsjutte.
 
It tsjerkje fan Offenwier is in gemeentlik monumint en is it âldste gebou fan de gemeente Snits. De hjoeddeiske muorre is fan [[1850]], mar binnen dy muorre stiet noch it Niklaastsjerkje fan [[1335]].
 
== Doarpswapen en flagge==
It is net bekend oft Offenwier yn it ferline in doarpswapen hân hat. Der is neat wat yn dy rjochting wiist. Nei in oprop yn in doarpskrante fan 2004 binne twa ûntwerpen ynlevere wêrfan't de eleminten brûkt binne yn it úteinlike wapen.
56.994

bewurkings