Barend van der Veen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Barend van der Veen''' ([[Wergea]], [[12 maart]] [[1890]] - [[Boarnburgum]], [[31 desimber]] [[1968]]) wie in skroar, kapper en lieder fan in toanielgroep.
 
Op 15 oktober 1913 troude hy mei de 22-jierrige Martsje Wiersma. Se krigen fjouwer bern: Janke, Tjitske, AaltjeMartsje en Pieter. Spile sûnt [[1925]] mei syn frou Martsje Wiersma (''Barend en Martsje'') en dêrút ûntstie it 'Lyts Frysk Toaniel'. Hjiryn spilen letter ek syn bern mei. Syn frou Martsje wie 51, doe't hja yn 1942 ferstoar. Op 5 augustus wertroude Barend mei Baukje Hoekstra. En ek hja wie belutsen by syn toanielselskip “It Lyts Frysk Toaniel”. In soad súkses hie er mei it stik “De Heidepyk”. It waard oersetten yn it [[Grinzersk]] en it Nederlânsk. Op 16 augustus 1950 siet hy 25 jier yn it fak en waard hy mei it spyljen fan de 400ste útfiering fan “De Heidepyk” huldige. Dizze jûn, yn in autobusgaraazje yn Balk, waard bywenne troch 1400 minsken.
 
Simmerdeis trede Barend in soad op mei syn poppekast op skoallen en feesten. Op 19 augustus 1953 joech hy syn 100ste foarstelling. Neist it skriuwen (en oersetten) fan in soad toanielstikken, hat Barend in pear Fryske berneboeken skreaun, wêrûnder "Trije Stiennene Aepkes, hear, sjoch en sprek gjin kwea". Yn syn berteplak Wergea wie hy boppedat bekend as [[Sinterklaas]]. In oar bekend toanielstik wie ''Rispa'', dat er tegearre mei [[Ype Poortinga]] skreau. Skreau fierders noch romans. Wie propagandist foar [[kristlik-sosjalisme]] en [[hielûnthâlding]].