Frânske skoalle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|Tekening fan de Frânske skoalle fan [[Boalsert]] De '''Frânske skoalle''' wie in ûnderwiisynstelling, dy't opkaam yn de 18e ieu, d...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 aug 2011 om 16.03

De Frânske skoalle wie in ûnderwiisynstelling, dy't opkaam yn de 18e ieu, dêr't Frânsk leard wurde koe, in taal dy't doe dwaande wie it Latyn te ferstjitten fan syn posysje as Europeeske lingua franca.

Tekening fan de Frânske skoalle fan Boalsert

Neist Frânsk, dat meast ek de fiertaal op skoalle wie, waard dêr ek skriuwen, rekkenjen en boekhâlden ûnderrjochte. Somtiids teffens Ingelsk, Dútsk en muzyk, dêr't dan faak wol ekstra foar betelle wurde moast. It skoaljild wie 250 oant 500 gûne it jier, dat de skoalle wie allinne weilein foar bern fan begoedige lju.

Der wienen aparte Frânske skoallen foar jonges en famkes (Jonge Heren en Jonge Juffrouwen)[1].

De populariteit fan de Frânske skoallen kaam op rekken fan de Latynske skoallen dy't minder praktyske fakken joech. In protte Frânske- en Latynske skoallen waarden letter omfoarme ta gymnasium of HBS

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Verre verwanten.nl, rieplachte 18 augustus 2011.