Latynske skoalle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Boarne: wikifisearre
L [[]]
Rigel 6:
In soad Nederlânske stêden (ûnder mear [[Barlaeus Gymnasium|Amsterdam]], [[Erasmiaans Gymnasium|Rotterdam]], [[Gymnasium Haganum|De Haach]], [[Johan de Witt Gymnasium|Dordrecht]] - it âldste fan Nederlân, [[Murmelliusgymnasium|Alkmaar]], [[Coornhert Gymnasium|Gouda]], [[Stedelijk Gymnasium Haarlem|Haarlem]], [[Steedlik Gymnasium (Leien)|Leien]], Dimter en [[Praedinius Gymnasium|Grins]]), hienen sûnt de [[14e ieu]] in Latynske skoalle. Sûnt de [[16e ieu]] waard ek it [[Gryksk|Gryks]] opnomd yn it skoalprogramma.
 
Yn de [[18e ieu]] waard yn Nederlân de populariteit fan de Latynske skoallen minder, ûnder mear troch de opkomst fan de "[[Frânske skoallenskoalle]]n", dêr't [[Frânsk]] learde wurde koe ''(in taal dy't doe dwaande wie it Latyn te ferstjitten fan syn posysje as Europeeske [[lingua franca]])'' en praktyske fakken lykas [[boekhâlding|boekhâlden]].
 
Yn 1838 waard der yn Nederlân in ûnderwiisherfoarming trochfierd, wêrby't de Latynske skoalle plak makke foar it [[gymnasium]], in skoaltype dêr't Latyn noch hieltyd it wichtichste fak wie, mar wol folle mear tiid útlutsen waard foar de moderne talen (Frânsk en Dútsk, bytiden ek Ingelsk), [[wiskunde]] en natuerwittenskippen. Yn de jierren nei 1838 waarden alle Latynske skoallen omset yn gymnasia.