Renswoude: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
dien
L red. en sa, mar neat te rêden
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Renswoude kasteel.jpg|thumb|left|''It [[kastiel Renswoude]]'']]
Al yn [[855]] waard Renswoude as ''silva Hrenhem'' (it Rhenenske wâld) neamd yn in oarkunde. De [[delsetting]] Renswoude is lykwols lang sa âld net. Dy ûntstie eigentlik pas om [[1400]] hinne. Renswoude bestie doe út in fersterke hûs, de Borgwal neamd, en in oantal ferspraat lizzende pleatsen. Yn [[1638]] stifte [[Johan fan Reede]] in doarp by it eardere Borgwal. Dit bestie út de hjoeddeiske Doarpsstrjitte, mei hjirlâns wat [[lintbebouwing]]. Hjirneist ûntstienen der noch twa efterwegen, de hjoeddeiske Molestrjitte en de Tsjerkestrjitte. Ek liet Van Reede it [[kastiel Renswoude]] (1654) en de [[koepeltsjerke]] (1639, nei in ûntwerp fan [[Jacob van Campen]]) bouwe<ref>WOLLESWINKEL, EGBERT, ''Renswoude. Geschiedenis en architectuur: Monumenten-Inventarisatie Provincie Utrecht'', Zeist: Utjouwerij Kerckebosch 1998, 185 siden.</ref>.
[[Ofbyld:Church in Renswoude, designed by Jacob van Campen.JPG|thumb|left|'Tsjerke fan Renswoude'']]
Yn 1674 waard Renswoude in saneamde "Hooge en vrije hearlikheid," in gebiet mei in eigen ûnôfhinklike [[rjochtspraak]]. Ut dizze hearlikheid waard yyn 1795 de gemeente Renswoude foarme. Pas yn [[1818]] waarden de grinzen fan de gemeente offisjeel juridysk fêststeld. Al wie it al ieuwen dúdlik hoe't de grinzen rûnen.
 
=== Resinte skiednis ===
Plannen foar grinswizigingen en [[gemeentlike weryndieling]]en hawwe in prominentepromininte rol spile yn de skiednis fan de gemeente Renswoude. In wichtige grinswiziging wie op [[1 jannewaris]] [[1960]]. Doe ferlear Renswoude grutte stikken fan har grûngebiet oan [[Veenendaal]] en [[Scherpenzeel (Gelderlân)|Scherpenzeel]]. It gie hjir ûnder oare om de [[Emminkhuizervenen]]. Dit gebiet besloech ûngefear 150 hektare.
 
== Statistyk ==
De gemeente telthat 4773 ynwenners (2011) en hat in oerflak fan 18,52 km². Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen. Renswoude is mei dit ynwennertal de lytste gemeente yn de provinsje [[Utert (provinsje)|Utert]], en boppedat ek ien fan de lytste gemeenten yn Nederlân. De befolking is de lêste tsjien jier mei mear asgoed 8% groeid. Yn dyselde perioade wie der yn de heule provinsje in groei fan ek romgoed 8%; Renswoude hat dus in gemiddeldtrochsneed groeipersintaazje. Dizze groei is net bepaald geleidlik gien; oant en mei 1995 skommele it ynwennertal om de 3.700 en dêrnei waard ynienen de sprong makke rjochtingnei de 4.000 ynwenners. DitDat hie benammen te krijen mei de realisaasje fan de nije wyk Spikhorst, yn 1995.
 
Renswoude is ynearsten de lytste selsstannige gemeente yn de provinsje Utert. Al jierren binne der plannen foar in gearfoeging mei [[Woudenberg]] en [[Scherpenzeel (Gelderlân)|Scherpenzeel]]. Dizze gemeenten lykje hjir wol wat foar te fielen, it [[Kolleezje fan boargemaster en wethâlders|kolleezje]] en de [[gemeenteried]] fan Renswoude lykwols net. Op 26 septimber 2007 wie der in referindum mei as ûnderwerp de selsstannichheid fan Renswoude. Mei in persintaazje fan 83,7 wie de opkomst heech. 98,4% fan de kiezers stimde foar selsstannichheid, 1,6% tsjin. De maatskiplike wjerstân tsjin in twongen fúzje mei Woudenberg en Scherpenzeel blykte ek út in fakkeloptocht yn 2008 by de harksitting fan de provinsjes Utert en Gelderlân, wêrby't 1.500 fan de 4.600 ynwenners harren ûnnocht uteren tsjin de fúzje. Dit wylst yn de gemeenten Scherpenzeel en Woudenberg mar inkele boargers opdagen kamen by soksoarte harksitings.