Daasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 11:
 
 
[[Burebista]], dy’t regearre fan [[82 foarf. KristusKr.]] oant [[44 foarf. KristusKr.]], feriene de Daasjers yn ien ryk. Hy makke sels de [[Boii]] en oare [[Kelten|Keltyske stammen]] fan [[Bohemen]] en [[Moraavje]] skatplichtich. In driigjende kriich tusken it ryk fan Burebista en it [[Romeinske Ryk]] waard foarkommen trochdat yn 44 foar Kristus sawol [[Julius Caesar]] as Burebista slachtoffer waarden fan moardoanslaggen. Dêrnei fûl it ryk fan Burebista útinoar.
 
De Daasjers foarmen oan de ein fan de [[1e ieu]] nei Kristus op ‘e nij in machtich ryk ûnder harren kening [[Decebalus]]. De Romeinske keizer [[Trajanus]] fûn dat dit ryk in bedrieging foarme foar de feiligens fan de Romeinske provinsjes súdlik fan de Donau en begûn dêrom yn [[101]] nei Kristus in kriich tsjin de Daasjers. Nei fûl ferset waarden dizze yn [[106]] nei Kristus definityf ferslein. De haadstêd fan de Daasjers, [[Sarmizegetusa]], waard folslein platbaarnd, en likernôch 150.000 finzenen waarden as slaven fuortfiert. De Romeinen makken in provinsje fan it gebiet, [[Romeinsk Daasje]]. Romeinske autoriteiten organisearren in grutte kolonisaasje fan it gebiet mei immigranten út [[Itaalje]] en de Romeinske provinsjes súdlik fan de Donau, wêrtroch de romanisearring fan it gebiet befoardere waard.
Rigel 17:
Om syn oerwinning op de Daasjers te fiere liet keizer Trajanus yn [[Rome (stêd)|Rome]] in oerwinningspylder bouwe, dy’t no noch hieltyd oerein stiet.
 
Sûnt likernôch 2000 foar Kristus waardenhawwe [[Traasje]], it hjoeddeiske Bulgarije, en Daasje, it hjoeddeiske Roemeenje, bewenne west troch besibbe folken fanoan de Daasjers besibbe folken. Lykwol Traasje as Daasje moasten harren deljaan oan it Romeinske Ryk. De Romeinen neamden it Roemeenske part ‘Colonia Dacia’.
 
De Daasjers wennen benammen yn Transsylvaanje en yn it westen fan [[Walachije]]. Yn East-Walachije en [[Dobroedzja]] wennen de besibbe [[Geten]]. Yn Moldaavje libben de ek besibbe [[Karpen]] (nei wa neffens guon de Karpaten neamd binne), dy’t oan de ûnderwerping fan de Romeinen ûntkamen.