Content deleted Content added
No edit summary
Theun (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
Ik bin sûnt jannewaris 2005 aktyf op dizze Fryske Wikipedy. It is wol aardich om foar dysels wat rûn te sjen en der in Frysk stikje fan te meitsjen. Ek om myn Frysk skriuwen wat by te slypjen en de Fryske wiki te fergrutsjen. At jo sjogge wêr't it ta liede kin, de ynformaasje dy't op de gruttere wiki's te finen is is eins net foar te stellen, seker net at jo betinke dat it noch mar in pear jier los is. By de Fryske fersje sil it wol net sa hurd rinne, mar dit begjint er ek al wat op te lykjen.<br>
 
==Myn wikinocht==
Ik bin ek aardich drokker hjirmei dwaande west mar de lêste moannen, mei it moaie waar en lange jûnen kinne je net altiten yn 'e hûs efter de kompjoeter sitte. Ik sjoch alle dagen wol efkes hoe at de wiki derby leit, ek om fernielings werom te draaien at dat nedich is.
 
==Ynteresses==
Myn ynteresses lizze op it mêd fan [[natoer]], [[geografy]] en [[skiednis]] (eins fyn ik alles wol nijsgjirrich).
Ik bin it meast dwaande mei siden fan [[List fan fûgels|fûgelsoarten]] ensf. Meastentiids sjoch ik rûn op de Commons om te sjen at der noch geskikte ôfbyldings steanne fan fûgels dêr't ik wol in ferhaaltsje by betinke kin. Mei behulphelp fan fûgelboeken, de oare wikis (foaral Ingelsk en Dútsk), en net te ferjitten it web (m.b.f. Google) is altiten wol in protte ynformaasje te finen, en jo komme ek hiel wat nijsgjirrige saken tsjin. ([http://www.birdpix.nl fûgels, net te brûken yn de wiki spitichernoch])<br>
Fierder besykje ik wol is wat ynformaasje oan de jiertallen en de kalinder ta te heakjen, en skriuw ik wol eins in side oer in plak of wetter by ús yn de omkriten.
 
Fierder besykje ik wol is wat ynformaasje oan de [[Wikipedy:Putsje|jiertallen en de kalinder]] ta te heakjen, enaltiten skriuwmaklik ikat wolje einsnet insafolle side oer in plak of wetter by ús yn deynspiraasje omkritenhawwe.
==Wetter yn Fryslân==
[[Ofbyld:Fryslan_wetter.svg|right|300px]]
Dizze ôfbylding fan it Wetter yn Fryslân haw ik makke mei Inkscape (troch in inscande bitmap te brûken fan in aardich detaillearre atlas fan skaal 1:100.000). It ynfollen fan de ferskate wetters giet wol maklik en fluch. Bin allinnich net wis oft ik noch belangrike wetters fergetten bin. En ik tink dat de kleur fan de wetters, it blau noch wat donkerder moat sadat it wetter dêr't it om giet der dúdliker útspringt.<br>
Dizze kaart like my ek wol aardich om bygelyks de alvestêderûte oan te jaan, foar op de Alvestêdeside.
 
==Kaartsjes==
Ek bin ik drok dwaande wêst mei allegear ferskillende kaartsjes te meitsjen, meast mei help fan it programma Inkscape en GIS bestannen fan it Sintraal Buro fan de Statistiek. Ik bin ek in grut leafhawwer fan kaarten atlassen en alles wat hjir mei te krijen hat.
tips foar op it ynternet:
* [http://www.hisgis.nl/ GIS systeem mei de ynformaasje út it kadaster fan it jier 1832]
* [http://www2.tresoar.nl/kaarten/atlassen.php kaarten út de atlassen fan Eekhof en Schotanus]
 
[[/MynPart|myn part fan it putsje]]