Ahnenerbe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
-kat
L [[]]
Rigel 6:
Op de foargrûn stie yn't earstoan [[Argeology|argeologysk]], [[Antropology|antropologysk]] en [[Skiednis|histoarysk]] ûndersyk , fral oer [[Hendrik de Vogelaar]] (919-936) en de [[10e ieu]] dêr't hast gjin skreaune boarnen fan binne. Al gau brûkte Himmler, dy't in protte niget oan [[Okkutisme|okkulte]] ûnderwerpen hie, Ahnenerbe as ûndersyksapparaat foar eigen [[Pseudowittenskip|sabeare-wittenskiplike]] projekten. Sa waarden bygelyks ek ekspedysjes organisearre nei lannen oer de hiele wrâld, mei de bedoeling it bewiis te leverjen dat [[Prehistoarje|prehistoaryske]] en [[Mytology|mytologyske]] Noardske folken ea de wrâld bestjoerd hiene.
 
It ''Institut für Wehrwissenschaftliche Zweckforschung'' ('Ynstitút foar Militêrwittenskiplik Undersyk'), dat wiidweidige medyske proeven op minsken útfierde, kaam yn de [[Twadde Wrâldkriich]] ek ûnder Ahnenerbe te fallen. It waard laat fan [[Wolfram Sievers]]. Himmler hie Sievers hjitten om dizze organisaasje op te setten; hy waard direkteur fan twa divyzjes dy't laat waarden troch [[Sigmund Rascher]] en [[August Hirt]] en troch de Waffen-SS betelle waarden.
 
Yn Nederlân wie [[Stichting Saxo-Frisia]] in regionale ôfdieling fan de yn septimber 1940 oprjochte ''Volksche Werkgemeenschap'', dy't wer hearde ta de organisaasje Ahnenerbe.