Reduzum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 13:
'''Reduzum''' is in doarp oan de ein fan it [[Swin]], yn [[Boarnsterhim]]. Alhoewol it no net mear sa dúdlik is, is it fan oarsprong in [[terp]], en al út de tiid dat de [[Middelsee]] yn dit part fan [[Fryslân]] hearske.
 
De Nederlânske namme wie: ''Roordahuizum'' en yn it Frysk wie dit: '''Roardhuzum'''. Omt it Frysk mear in sprektaal as in skriuwtaal is, is sûnt jierren keazen foar de "fonetyske" namme Reduzum, dy't neat mear te krijen hat mei de de namme (van) Roorda, wêrdêr't de namme fan ôflaat is.
 
Yn letter tiden wie Reduzum, lizzend oan de [[wei nei Oerisel]], ferneamd fanwege de herberch "De Trije Romers", Dat wie in moai sintraal plak foar gearkomsten fan de boerelju, en dat is grif wêrom hjir, yn wat yn dy tiid it hotel "De Grutte Trije Romers" wie, yn [[1879]] it [[Fries Rundvee Stamboek]] en it [[Fries Paarden Stamboek]] oprjochte binne.