Tsjom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L robot Anders: nl:Tzum (plaats)
Rigel 11:
 
== Tsjerketoer ==
Tsjom hat in hege, en hieltiid noch grutte terp, mei in tsjerke (Johannestsjerke) mei in opfallende toer. De toer, út [[1548]], is 72 m heech, dêr't de spits 41 m fan is, en is dêrmei de heechste tsjerketoer fan alle ''doarpen'' yn Fryslân (de toer fan 'e Bonifatiustsjerke yn Ljouwert is bygelyks 85 m heech).
 
De bynamme fan de Tsjommers, ''Lyntsjesnijers'', hat ek mei de toer te krijen. Neffens it ferhaal soenen lju fan [[Aldeboarn]] besocht hawwe de toer fan Tsjom op te mjitten, mei it doel in noch hegere toer bouwe te kinnen. Fan de line dy't de lingte oanjoech sniene de Tsjommers lykwols in stik ôf, dat doe't Aldeboarn in toer boud hie dy't heger wie as de line lang wie, wie dy dochs lytser as dy fan Tsjom.