F.F.J. Bernlef: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L wurdkar
Aliter (oerlis | bydragen)
L keppeling
Rigel 10:
Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens, ek al binne der noch geregeld aksjes foar it Frysk of Fryslân, mei as meast slagge foarbyld de Fryske [[De Kameleon|Kameleonfilm]]. It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat fan soms hiel ferskillende typen fan minsken, ôfkomstich út lykegoed Fryslân sels as oare parten fan de wrâld. Bernlef hat dêrmei in iepen karakter krigen, wat ûnder oaren ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ûntgriening is, en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje.
 
De struktuer fan de feriening hat op it stuit trije ûnderdielen. It bestjoer stiet oan it haad fan de feriening en is ferantwurdlik foar it goed rinnen bliuwen fan de feriening en it behear fan har finânsjes. De kommisjes binne offisjeel troch it bestjoer oanstelde groepkes leden dy't in spesifike taak op har nimme, lykas it organisearjen fan in kamp of it folskriuwen fan ''De Harpe''. De rûnten binne troch leden sels foarme groepkes dy't in mienskiplike ynteresse hawwe en dêr wat mei dogge, lykas [[fuotbaljenfuotbal]] as [[klaverjassen]].
 
It deistige libben by Bernlef wurdt tsjintwurdich foarme troch de twa of trije soasjûnen yn 'e wike en meastentiids ek wol de ien of de oare 'spesjale' aktiviteit op ien fan de soasjûnen of op in oar stuit.