Amelânske Daam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Utwreide fan Skiednis fan it Amelân.
DDurk (oerlis | bydragen)
taalferbettering
Rigel 5:
Yn [[1869]] krige jonkhear P.J.W. Teding van Berkhout de opdracht om in oare daam oan te lizzen, om de ôfbroazeling oan 'e súdkant fan it eilân ta stean te bringen. Dêrta droegen it Ryk en de provinsje Fryslân elts 200.000 gûne by en waard de [[ Maatskippij ta Lânoanwinning op it Fryske Waad]] oprjochte. Yn [[1871]] en [[1872]] waard oer de [[gearslach]] troch de maatskippij in daam oanlein. De daam rûn fan Holwert nei Bueren en hie in langte fan 8,7 km. Om't it doel wie lân oan te winnen waard de daam net breed boud; de kop wie net breder as 60 sm. Dêrby wie it in ebbedaam; by heech wetter stie der 50 sm wetter oer de daam.
 
De daam wie lykwols gjin sukses; in pear wiken letter sloech in stoarm al gatten yn de daam, en de daam moast troch de jierren faker reparearre wurde. De daam waard ek fersterke, mar nei de stoarmen fan de winter fan [[1881]]/[[1882]] besleat de maatskippij lykwols dat de trochgeande reparaasjes te djoer wienen, en joech er de see en wyn wer it frij spul. Parten fan de daam binne hieltyd noch sichtber. Ek is de feardaam fan Holwert boutboud op de ein fan de Amelânske Daam. Hjoed de dei leit de gearslach lykwols fierder nei it easten.
 
By de plannen ta ôfslúting fan de Waadsee út de fyftiger jierren fan de 20e ieu, waard ek rekken holden mei in daam nei it Amelân. Dy plannen binne lykwols net útfierd.