Stichting Saxo-Frisia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
dúdliker
Rigel 9:
De stifting kaam ek mei in spesjaal propagandageskrift, ''Drente spreekt. Een woord van de Stichting Saxo-Frisia voor den dag''. Op ferskate plakken waarden yndie wurkgroepen oprjochte, sa as yn [[Borger]] en [[Assen]]. It ledetal waakste stadichoan, op [[31 jannewaris]] 1944 telde Drinte 791 leden.
It wittenskiplik tydskrift [[Saxo-Frisia (tydskrift)|Saxo-Frisia]] waard net gaadlik genôch achte as orgaan fan de stichting, dat der waard in nij blêd oprjochte, it moanneblêd [[Het Noorderland]], dat har op in breder publyk rjochte en earst yn oktober 1941 ferskynde. It yn Fryslân healmoanliks ferskinende It Fryske Folk wie ek fan de stichting.
Doe’t Kapteyn yn septimber 1944 - nei [[Dolle Dinsdag]] – nei [[Eastenryk]] reizge om dêr, sa’t de hjitting wie, in publikaasje ta te rieden, kaam der in ein oan de aktiviteiten fan de stifting Saxo-Frisia, dy’t nea folle te betsjutten hân hie.