Fete: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
red
Rigel 1:
In '''fete''' is djippe fijanlike ferhâlding tusken twa famyljes, [[klan]]s, groepearrings, of tusken yndividuen, dy't hieltyd wer útbarst yn gewelddiedige konfrontaasjes. In fete giet faak meardere generaasjes lang troch, en faaks wit gjinien mear wêrtroch't it konflikt ûntstien is.
 
In tradisjonele maatskippijen dêr't saken as ear, famyljebannen, grutskens en mienskipssin tige wichtich binne kin in konflikt tusken persoanen útwaakse ta in konflikt tusken famyljes of kloften minsken en bytiden hiele stammen. As oarsaak fan it konflikt kin soms in foarfal lizze as bygelyks in mislediging of ûnrjocht dat troch in lid fan ien famylje in lid fan in oare famylje oandien is. De famylje-ear is yn geding en famylje fiele harren ferplichte om de mislediging of it ûnrjocht dat de famylje oandien is te wreken. DeTroch saneamdede fete is it mooglik dat [[bloedwraak]] ûntstiet dy't ûntstiet kin generaasjes lang besteanyn stân bliuwe kin. Fetes komme benammen foar yn maatskippijen dêr't in sterk sintraal gesach ûntbrekt dat fia de [[rjocht]]spraak in ein meitsje kin oan it konflikt. Yn [[Fryslân]] wie sprake fan sa'n maatskippij yn it tiidrek fan de [[Fryske Frijheid]]. Oan it bewâld fan de [[greve]]n wie doe nammentlik in ein komd en [[haadling]]efamyljes hienen it dêr foar it sizzen.
 
[[Kategory:Minsk en maatskippij]]