Janko Douwama: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 2:
 
== Libben ==
Janko Douwama wie út it [[Fetkeapers|Fetkeaperske]] fermidden ôfkomstich en ferliet by de komst fan'e Saksen it lân. Hy kaam yn 1502 werom en waard ien fan de lieders fan de ûntefreden Friezen yn de [[Saksentiid]]. Douwama die earst mei mei de Geldersken (1514), mar rekke yn 1520 yn ûngenede. Hy holp [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] by de bemastering fan Fryslân. Hymar waard as ferrieder wantroud troch beide partijen. Hy kaam tsjinoer de steedhâlder [[Georg Schenk fan Toutenburch]] te stean, dy't, tegearre mei [[Keimpe fan Martena]], syn ûndergong bewurkje soe. Douwama stie ek yn kontakt mei East Fryslân. Op [[12 juny]] [[1523]] waard hy finzen setten.
 
Oft hy werklik yn [[Vilvoorde]] syn Memoires (Skriften útjûn troch it [[Frysk Genoatskip]], 1849) skreaun hat, is op syn minst twiveleftich. Douwama moat sjoen wurde as in Frysk nasjonalist. Syn ideeën waarden oernommen troch [[Syds Scheltes Tjaerda|Syds Tsjaarda]] en [[Karel Roarda (politikus)|Karel Roarda]]. Yn 1943 publisearre de nasjonaalsosjalistyske útjouwerij De Schouw in roman oer syn libben, ''Heer Jancko Douwama van Oldeboorn'', skreaun troch de Fryske dûmny [[Steffen Bartstra]].