Putten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbylden der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling nl:
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map - NL - Municipality code 0273 (2009).svg|thumb|''LIzzing Putten'']]
[[Ofbyld:Buorren_Putten_by_de_tsjerke_1.JPG |thumb|right|260px|''Begjin fan de Buorren, rjochts stiet de tsjerke'']]
 
'''Putten''' ([[Image:Loudspeaker.png]] [[media:105_Putten.ogg|útspraak]]) is in doarp en [[gemeente]] yn de [[Nederlân]]se provinsje [[Gelderlân]]. De gemeente telt 23.178 ynwenners ([[1 jannewaris]] 2006, bron: CBS) en hat in gebiet fan 87,45 km² (wêrfan 2,41 km² wetter).
== Oare kearnen ==
[[Bijsteren]], [[Diermen]], [[Gerven]], [[Halvinkhuizen]], [[Hell]], [[Hoef (Putten)|Hoef]], [[Huinen]], [[Huinerbroek]], [[Huinerwal]], [[Koudhoorn]], [[Krachtighuizen]], [[Steenenkamer (Putten)|Steenenkamer]] en [[Veenhuizerveld]].
 
== Lânskip ==
Ten easten en noardoosten fan it plak Putten leit de [[Feluwe]], it grutste natoergebiet fan Nederlân. Putten wurdt yn it suden en westen omringe troch ikkerlân, dat ûnderdiel foarmet fan de noardeastlike hoeke fan de [[Gelderske Fallei]]. Yn it uterste westen grinzet de gemeente oan ien fan de rânemarren om Flevolân: it [[Nuldernau]]. Hjir hat Putten in jachthaven en rekreaasjestrannen.
 
== Puttensk dialekt ==
It [[Puttens]]ke dialekt falt ûnder it [[West-Feluwsk]]. Der is in boek oer it Puttenske dialekt útjûn mei de titel: "Putters Praoten moe je niet laoten". Der stiet ûnder mear in list mei dialektwurden en de oersetttingen yyn. It Puttensk (ek wol 'Puttersk' neamd) is krektas oare 'dialektdoarpen' faak omruile foar it Nederlânsk, mar wurdt troch benammen de âlderein ûnder de Puttenske befolking noch wol sprutsen.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:VrouwtjevanPutten.jpg|200px|thumb|''Razziamonumínt'']]
Yn de akte fan de Fryske edelman [[Folckerus]] (út [[855]]) wurdt foar it earst de namme ''Putten'' neamd. Yn dizze akte wurd guod en lannen oerdroegen oan it kleaster fan Werden (by Essen yn Dútslân), en Putten wurdt ''in vico qui dicetur Puthem'' (as buorskip of doarp) neamd. Putten is, neidat de tsjerke stifte is, in samling buorskippen dy't meiïnoar in tsjerkedoarp foarmje, in situaasje dy't oant de [[10e ieu]] buorret. Dit Tsjerkedoarp beslaat in grut gebiet, dat rint oant [[Nijkerk]] en [[Voorthuizen]]. Pas yn [[1416]] wurde Nijkerk en Voorthuizen ferselsstannige.
 
Putten is dan benammen agrarysk gebiet, wêrby't de measte pleatsen hearre ta it besit fan de kleasters Werden, Elten en Abdinckhof (yn [[Paderborn (stêd)|Paderborn]]). yn [[1559]] draacht it kleaster Werden har besittings oer oan dat fan Abdinckhof, wêrmei't lêstneamd kleaster fierwei de grutste grûneigener wurdt. Oant [[1803]] wurde dizze besittings troch "de Kelnarij" (in rentmaster of ''kellenaar'') bestjoerd. Oan dizze perioade herinnerje yn Putten noch ûnder mear de Kelnarijstrjitte, de Abdinckhofstrjitte en de Paderbornstrjitte.
 
Oan de ein fan de [[16e ieu]] berikt de [[Reformaasje]] Putten, en oant [[1608]] is der in [[roomsk-katolyk]] [[pastoar]] dy't fanút de Pancratiustsjerke wurket. It grutste diel fan de befolking wurdt dan [[protestants]], en mar in lytse roomske kearn bliuwt oer.
 
Ein septimber [[1944]], tsjin de ein fan de [[Twadde Wrâldoarloch]], wurdt troch de ûndergrûnse yn Putten in oanslach plege op in oantal Dútse offisieren. As ferjildingsaksje wurdt in [[razzia]] útfierd troch de [[Wehrmacht]] en de [[Schutzstaffel|SS]] en wurdt in diel fan it sintrum fan it doarp platbaand. Sjoch hjirfoar it artikel [[Razzia fan Putten]].
 
Nei de oarloch is Putten noch altiten foar it grutste part agrarysk gebiet, mar yn de twadde helte fan de [[20e ieu]] wurdt it toerisme en rekreaasje in wichtige ynkomstenboarne. Dêrneist is yn Putten wat yndustry.
 
<gallery>