Richard Liuwehert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 10:
Wyls wie der in komplot op gong setten troch Filips en Richard syn broer [[Jan sûnder Lân]]. Doe't Richard hjirfan hearde sleat hy in ferdrach mei [[Saladin]] en gie werom. Op de weromreis nei Europa waard hy finzennomd troch hartoch [[Leopold V fan Eastenryk]]. It gie hjirby benammen om it krijen fan losjild. Nei it krijen hjirfan waard hy yn 1194 frijlitten.
 
Richard stie bekend as in fechtjas, in hurd en moedich man, mar ek mei kulturele ynteresse en humor. It is troch dizze eigenskippen dat hy de bynamme Liuwenhert fertsjinne. Hy krige dy doe't hy yn de striid tsjin [[Saladin]] sels goed meifocht. Troch syn aventoerlike oanlis en oarlochssuchtige ynstelling brocht hy Ingelân oan de râne fasnfan de finansjele ôfgrûn.
 
Nei syn weromkommen yn Ingelân wist hy syn broer Jan te ûnderwerpen en naam it keningskip wer oer. Richard wie fan de tsien jier fan syn keningskip yn totaal net mear as 10 moannen yn Ingelân. Oant 1198 fierde hy fierder oarloch tsjin Frankryk. By it belis fan it kastiel Châlus-Chabrol yn Limousin waard hy troch in pylk yn syn skouder troffen en rekke dêrtroch deadlik ferwûne. Hy waard opfolge troch [[Jan sûnder Lân]].