Sealterfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
Rigel 227:
Nei de Twadde Wrâldkriich hawwe [[Pyt Kramer]] en [[Marron Curtis Fort]] in soad ûndersyk nei it Sealterfrysk dien. De Westerlauwerske Fries [[Pyt Kramer]] joech doe't er 25 jier wie in Sealterfrysk wurdboek út (1961), yn 1992 ferskynde de earste bân fan it 'Näi Seelter Woudebouk'. Yn 1996 ferskynde noch in 'Woudelieste Düütsk-Seeltersk' en yn 1982 ferskynde er in lyts spraakleare fan it Sealterfrysk. Kramer die neist ûndersyk ek in soad foar it behâld fan de taal. Fan 1966 oant en mei 1972 joech et it tydskrift Seelter Trjoue en noch ferskate oare wurken út, lykas Minssen syn wurk dat nei de Twadde Wrâldkriich weromfûn waard.
 
De Amerikaanske germanist Marron Curtis Fort begûn yn de santiger jierren fan de tweintichste ieu mei syn ûndersyk fan it Sealterfrysk en krige yn it jier 2003 de learstoel Leechdútsk en Sealterfrysk oan de universiteit fan OldenburchAldenboarch. Mei Hermann Dumstorf skriuwe hy in Sealterfrysk wurdboek, dat yn 1980 ferskynde. Dêrneist joech Fort de boeken ''Saterfriesisches Volksleben'' (1985) en ''Saterfriesische Stimmen'' (1990) út. Hy hat ek it Nije Testamint en de psalmen nei it Sealterfrysk oerset (2000).
 
== Foarbylden ==