Friesland Post: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 3:
Begjjin tachtiger jierren ferkocht Geart Kuperus it blêd oan Agropers yn [[Drachten]]. Letter gie it oer nei de [[Friese Pers]] mei útjouwer Robert Wielenga en haadredacteur Sytze van der Wal en ferhuze de redaksje fan Drachten nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Yn de njoggentiger jierren waard it blêd oerdien oan Migg fan útjouwer Ids Kuindersma en kaam Friesland Post werom yn Snits. Doe't Kuindersma ein [[2007]] krekt foar it 30-jierrich bestean fan FP stoppe, gie it blêd oer nei útjouwer Simon van der Let en haadredakteur Frans van Egmond. Yn 2009 waard Van der Let sels haadredakteur.
 
Friesland Post hat rubriken oer Friezen en Fryslân. Hast alle persoanen dy't wat mei Fryslân te krijen hawwe wurde der yn portretearre. Ek is der in fotorubryk mei artikels út it eardere "[[FanFen Fryske Groun]]". Fierders is der oandacht foar horeka, kultuer, natuer, minsken, puzels en oare rubriken mei in Frysk tema. Der binne troch it jier ek temanûmers mei ekstra omtinken oan bg. [[skûtsjesilen]] en oer wenjen.
 
In soad bekende Friezen hawwe meiwurke oan Friesland Post lykas [[Rients Gratama]], [[Peter Karstkarel]] en [[Jopie Huisman]]. It magazine wurdt ek in soad lêzen troch Friezen om utens oant yn Kanada en Austraalje ta. Dy krije it blêd oer de post tastjoerd.