Farusslach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fw
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
Under keizer [[Augustus (keizer)|Augustus]] besochten de Romeinen om de grins op te skowen nei de rivier de [[Elbe]]. Sy woenen it oermastere gebiet dat sy [[Germaanje]] neamden, krektsa besette as [[Galje]] en der ek in Romeinske provinsje fan meitsje. Lykwols ferrûn de pasifikaasje dy't op de oermastering folge muoisum. Hieltyd wer ûntstienen der opstannen ûnder de Germaanske folken en moast it leger yngripe.
 
Under lieding fan [[Arminius]], in haadling fan de stam [[Sjerusken]] dy't in skoft yn it leger fan de Romeinen tsjinne hie, kamen de Germanen massaal yn opstân. De Romeinen stjoerden de Romeinske generaal Farus op him ta mei in leger dat út likernôch 18.000 soldaten bestie. De Germanen gongen de konfrontaasje út 'e wei. Doe't it Romeinske leger op 'e weromreis wie nei harrensyn kampen yn [[Ksanten]] om dêr de winter troch te bringen rûn it tichtby Kalkriese yn in leach. De Romeinen waarden troch de feriene Germaanske kriichsmacht ûnder lieding fan Arminius hieltyd fierder it úngastfrije ''Teutoburgerwâld'' ynlutsen. DitIt wâld wie sa min troch te kommen dat de Romeinen harren slachlynje net by inoarbyinoar hâlde koenen. De útstrekte leger koe hjirtrochdêrtroch maklik oanfallen wurde troch de Germanen. Yn in pear dagen tiid waard it Romeinske leger útmoarde. Doe't by de slach de ûndergong net mear te kearen wie, sloech de Romeinske oanfierder [[Farus]] de hân oan himsels.
 
Neffens de skriuwer [[Suetonius]] waard de Romeinske keizer Augustus sa kjel troch de útkomst fan de slach dat er syn burd en hier moannenlangmoannen oanien groeie liet, as blyk fan rou. Fan Suetonius komt ek de anekdoate dat de keizer oant syn dea wol gauris ropt hawwe soe: "Quinctilius Varus, jou my myn legioenen werom!".
 
== Gefolch ==