Skiednis fan Bremen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
No edit summary
Bernd (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 20:
Bremen woe in frije Ryksstêd wurde, mar krige dy status pas yn 1646 (Linzer Diplom). De Wezer ferbûn de stêd Bremen mei de [[Noardsee]] en sa wie de stêd twongen om de skipfeart oer de rivier yn it gebiet [[Rjustringen]] feilich te stellen tsjin Fryske [[haadling]]en en it greefskip [[Aldenboarch]]. Yn it jier 1424 krige Bremen in slimme tebeksetter doe't in ferbûn fan Fryske haadlingen de macht yn Rjustringen wer oernamen. Dêrop ûnstie politike ûnrêst yn de stêd. Der waard in nije stedsrie keazen en de boargemaster flechte yn 1425 út de stêd en mobilisearre de Hânze, dy't Bremen yn 1427 út it bûn smiet. Yn 1428 krige de stêd in nij stedsrjocht.
[[Ofbyld:Bremen-(Steffensstadt)-Braun-Hogenberg.png|thumb|left|Alde kaart fan Bremen tusken 1572 en 1618.]]
Fan 1452 ôf hie de greve Gerd fan Aldenboarch ynfloed op de hannel troch lân- en seerôf. Yn 1464 ferlear Bremen mei syn Fryske bûnsmaten in slach tsjin OldenburchAldenboarch, wêrnei't greve Gerd besocht de stêd oan te fallen. Pas yn 1474 kaam de tsjinoanfal mei help fan oare foarsten en stêden, úteinlik waard de oarloch tsjin de greve fan Aldenboarch wûn yn it jier 1482.
 
Om 1500 wienen de omstannichheden gâns better foar Bremen en syn hannel. De stêd koe him yn deselde wer fierder útwreidzje nei it noarden ta. It Fryske [[Stedingen]], [[Bûtjadingen]], [[Lân Wurden]] en [[Lân Wûrsten]] waarden yn dy tiid ûnderdiel fan Bremen.