Fokko Ukena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 11:
 
== De Fryske frijheid en de rol fan Ukena ==
Yn it noarden fan it tsjintwurdige Nederlân, rûchwei de hjoeddeiske provinsjes Grins en Fryslân, bestie yn de [[14e13e ieu]] feitlik gjin lânhearlik gesach. Dat gou ek foar it oanswettende East-Fryslân. Dat ûntbrekken fan in heger, sintraal gesach wurdt oantsjutten as it tiidrek fan de [[Fryske Frijheid]]. DizzeIn frijheidde rin fan de [[15e ieu]] waard dizze frijheid fanút meardere kanten bedrige.
 
Yn it East-Fryslân fan destiids besocht it geslacht [[tom Broke]] in lânseigen dynasty te festigjen en yn wat tsjintwurdich de Nederlânske provinsje Fryslân is besochten de greven fan [[Hollân]] harren ynfloed út te wreidzjen. Ek de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] woe har macht hieltyd fierder útwreidzjen. Dêr trochhinne spile de striid tusken [[Skieringers en Fetkeapers]].
 
Ukena wie ynearste ynstânsje legeroanfierder fan [[Keno_tom_Broke|Keno tom Broke]]. Yn dizze rol oermastere hy yn 1415 de stêd [[Grins]] op de Skieringers en werstelde de macht fan de Fetkeapers. By [[slach by Noardhorn|Noardhorn]] fersloech hy yn [[1417]] [[Sicka Sjaerda]] en besette yn [[1418]] [[Dokkum]]. Nei it weroverjen fan Dokkum troch de [[Skieringers]] lanne hy by [[Hylpen]] en oerwûn dêr de Skieringers ([[Slach oan de Palesleat|oan de Palesleat]]). Hy naam [[Starum]] yn en belegere [[Sleat]], mar waard troch de troepen fan [[Jan fan Beieren]], de greve fan Hollân, ta wiken twongen yn 1420. Ukena ûndertekene op [[1 febrewaris]] [[1422]] as earste de [[Frede fan Grins fan 1422|Frede fan Grins]] tsjin alle frjemde lânhearen. Hy striid dêrnei mei de [[Hânze|Hanzeaten]] tsjin de [[Likedelers]] en ferdriuwt dy út [[Iezumasyl]] en Dokkum. Letter kearde hy him tsjin tom Broke en is benammen aktyf yn it hjoeddeiske East-Fryslân. Dêr hat er yn [[1427]] te krijen mei in oantal machtige tsjinstanners û.o. de biskop fan Munster, de greve fan Aldenboarch, de stêd Grins en in grut tal eallju. Lykwols behellet hy in rige oerwinnings efter elkoar mei as grutste wapenfeit de oerwinning yn de [[slach op de Wylde Ikers]] by Venhusen. Hy komt ta oerienstimming mei de biskop fan Munster en lûkt triomfearjend de stêd Grins binnen. Datselde jier makket Fokko Ukena in tweintich jierren doarrend ferbûn mei de Friezen fan de Ommelannen en noch oare Friezen. Hy stelt wetten op dêr't ek de stêd Grins by ynbegrepen wurdt.
 
De rol fan [[Ocko II tom Brok|Okko tom Broke]] de soan en opfolger fan Keno as Fryske hearsker is dan útspile mar al gau foarmet him in nei ferbûn fan eallju ûnder oanfiering fan it hûs [[Cirksena]] fan Greetsyl. Ukena moat úteinlik yn dizze nij striid it ûnderspit dolle en lûkt him werom op de boarch [[Dykhuzen]] by [[Appingedam]]. Dêr stjert hy yn [[1435]].