Jever: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - fuort: kk:Йевер
Bernd (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
Argeologysk ûndersyk toant oan dat Jever in plak is dat stifte waard troch de [[Sjauken]] yn de [[Romeinske ryk|Romeinske Tiid]]. Yn de [[9e ieu]] waard Jever, en de rest fan [[Rjustringen]], it gebiet by Jever dat doe sa neamd waard, oan de [[Denemarken|Deenske]] kening Hariold jûn troch [[Loadewyk de Fromme]]. Yn de [[Midsieuwen]] wie Jever bekend ûnder de namme Geverae, wat ‘gerslân’ of, yn in oare omskriuwing, ek wol ‘plak fan it [[Thing]]’ betsjut. Yn dizze tiid waard Jever oan de hartoch fan [[Saksen]] jûn. Letter kaam it ek yn hannen fan de [[Welfen]] en [[OldenboarchAldenboarch]].
 
[[Ofbyld:Jever Ostfriesland 1500.png|thumb|left|250px|In kaart mei it Hearskip Jever fan [[1500]]]]
Fan âlds wie Jever in wichtich plak. Yn de [[10e ieu|10e]] en [[11e ieu]] hie de stêd in grutte seehaven, dy’t nei ferrin fan tiid troch it slyk ticht gie. Dochs bleaun de stêd in wichtich hannelsplak en krige it yn [[1347]] [[stedsrjochten]].
 
Nei de dea fan de lêste haadling fan Jever, [[Edo Wiemken de Jongere]], yn [[1511]], ferlear Jever harren ôfhinklikheid en kaam it koarte tiid yn hannen fan Greve [[Edzard de Grutte]] fan East-Fryslân. Wêrnei it wer ôfhinklik waard ûnder Mary, de dochter fan Edo. Har dea yn [[1575]] waard in skoftke stil hâlden omdat de lieders fan Jever bang wienen foar it werom kearen fan de Eastfriezen. Yn stee fan de [[Eastfriezen]] foel Jever yn hannen fan OldenboarchAldenboarch. Letter krigen ek de Saksen en Denemark Jever wer foar in skoft yn hannen.
 
Yn [[1667]] makke Jever diel út fan it âld-hearskip [[Anhalt-Serbst]]. Neidat [[Freedrik August]], dy’t de [[Ingelân|Ingelsken]] finansjeel holpen hie yn de [[Amerikaanske Revolúsjonêre Kriich]], yn [[1793]] stoar, foel Anhalt-Serbst útinoar. De stêd kaam doe yn hannen fan de [[Ruslân|Russyske]] tsares [[Katarina II fan Ruslân|Katarina de Grutte]], in prinses fan Anhalt-Serbst, dy’t Jever en it gebiet derom hinne erfde.
 
Jever bleau Russysk oant de komst fan [[Napoleon]]. Hy bemastere it gebiet yn [[1807]], en by de [[Frede fan Tilsit]] moasten de Russen it gebiet ôfstean. East-Fryslân wie fan [[1808]] oant [[1810]] ûnderdiel fan it [[Keninkryk Hollân]], in Frânske fazalsteat. Kening [[Loadewyk I fan Hollân]] stelde Frânsk-Nederlânske generaal [[Étienne Jacques Travers]] oan as baron fan Jever. Yn [[1813]] kaam Jever wer yn hannen fan de Russen, fiif jier letter stienen dizzen it wer ôf oan OldenboarchAldenboarch.
 
Omdat Anhalt-Serbst de feilichheid foar [[Joaden]] garandearre waard Jever it sintrum fan it Joadske libben yn Eastfryslân. Dit bleaun sa oant it begjin fan de [[20e ieu]], doe’t in protte jonge joaden nei gruttere steden ta gongen foar in bettere takomst. Letter flechten in protte joaden foar it groeiende [[antisemitisme]]. Hjirtroch wenne der yn [[1938]] noch mar de helte fan it tal minsken dat earder yn Jever wenne, noch mar 98 joaden wienen yn dat jier oer bleaun. De synagoge út [[1802]] waard yn de [[Kristalnacht]] hielendal ôfbrutsen.