Sirksena: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Skiednis: tf |
|||
Rigel 7:
Foar sommige haadlingen hâlde de hoarizon net op by de grinzen fan it doarp. Troch [[houlik]] en machtsfertoan koe in gruttere machtsbasis berikt wurde. It earste laach dat oanspraak meitsje koe op allinnich-hearskippij yn hiel East-Fryslân wie it geslacht [[Tom Brok]]. Lykwols rûnen de aspiraasjes fan dizze famylje stikken op it ferset fan [[Fokko Ukena]], in oare haadling dy't sels ek oer besittings yn East-Fryslân beskikte en stipe koe op steun yn de Ommelannen. Ukena op syn beurt rûn fêst op in ferbûn fan haadlingen ûnder leiding fan [[Edzard I|Edzard I Cirksena]]. Cirksena waard ferfolgens troch de stêd [[Hamburch]] it bestjoer fan de stêd [[Emden]] jûn, in stêd dy't oant dan, [[1439]] feitlik in Hamburchs protektoraat wie. De famylje Cirksena soe Emden oant 1595 behearske.
It oarspronklike geslacht Cirsena, ôfkomstich út [[Berum]] wie doe yn de manlike liny al útstoarn. Edzard wie troud mei in dochter út dat laach, ek de twadde frou fan syn heit wie in dochter út it oarspronklike laach. Sawol Edzard as syn
It wichtichste lid út it hûs Cirksena is [[Edzard I fan East-Fryslân|Edzard de Grutte]] (1462–1528). Under syn bewâld krige it greefskip syn grutste omfang. Edzard wist sels tydlik de Ommelannen en de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] te behearsken; hy stribbe nei hearskippij oer alle Fryslannen, mar rûn lang om let stikken op de posysje fan ynearsten de [[George fan Saksen|hartoch fan Saksen]] en letter [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|keizer Karel V]] sels, dy't as hear fan alle Nederlannen gjin partij foar Edzard wie.
Yn 1654 wurdt regearjend Cirksena [[Enno Loadewyk fan East-Fryslân|Enno Loadewyk]] troch de keizer yn de foarstenstân ferheft. De lêste manlike neisiet fan Ulrich I, [[Karel Edzard fan East-Fryslân|Karel Edzard]] stoar yn de nacht fan 25 op 26 maaie [[1744]]. It greefskip wurdt ferfolgens yn besit naam troch [[Frederik II fan Prusen|Frederik de Grutte]].
|