Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Bremen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Bremen (stêd)
namme
Rigel 1:
It '''Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen''' wie yn 1430 in ferbûn fan ferskillende mienskippen en [[haadling]]en ûnder lieding fan de haadlingefamylje [[Cirksena]]. It bûn fersette him tsjin de tanimmende ûnderdrukking en de hieltyd hegere belestings ûnder it bewâld fan [[FockoFokko Ukena]].
 
== Oanrin ==
Nei de [[Slach op de Wylde Ikers]] tsjin [[OckoOkko II tom Brok]] wie [[FockoFokko Ukena]] hearsker wurden oer [[East-Fryslân]]. Ukena besocht syn posysje te fersterkjen mar de troch him hieltyd heger opleine belestings makken syn posysje lykwols swakker. De befolking, dy’t him ûnder Ukena frijfochten hie fan OckoOkko II tom Brok, wie slim teloarsteld troch dizze nije ûnderdrukking. De ferskillende haadlingen hienen har ek fan OckoOkko II tom Brok losmakke omdat dizze gjin rjocht die oan de [[Fryske Frijheid]].
 
Sa ûntstie om [[1430]] hinne in opstân yn it [[Brookmerlân]] (hjoeddeiske skriuwwize) mei stipe fan de famylje tom Brok. Nei in mislearre oanfal fan Ukena yn it Stêdlân by [[Bremen (stêd)|Bremen]] wreide de opstân him út. Nei de ferovering fan [[Oldersum]] en [[Auwerk (stêd)|Auwerk]] ferienigen ferskillende Eastfryske kriten en haadlingen har op 14 novimber 1430 ûnder lieding fan Edzard Cirksena út [[Greetsiel]] yn it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen.
 
== Utwurking ==
De leden fan it frijheidsbûn foelen mei-inoar it kastiel fan Ukena yn [[Lier]] oan. Doe’t de oanfal net mear te hâlden wie flechte FockoFokko Ukena nei [[Emden]]. De haadlingefamylje Cirksena wie dêrtroch sa machtich wurden dat se yn [[1433]] op eigen manneboet in ferbûn sleaten mei de stêd [[Hamburch]]. Hamburch hie al langer lêst fan piraten dy’t taholden yn East-Fryslân en woe dêrom wol in sterke Eastfryske bûnsmaat hawwe. De lêste stipe fan FockoFokko Ukena waard yn 1433 troch it Frijheidsbûn by Bargeboer ferslein. It Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen wie de grûnslach foar de hearskappij fan de [[Cirksena]]’s dy’t yn de ieuwen dêrnei beskiedend wie foar East-Fryslân.
 
[[Kategory:East-Fryslân]]