Fokko Ukena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Focko Ukena.png|thumb|200px|OckoOkko tom Brok as finzene foar Fokko Ukena nei de Slach op de Wylde Ikers.]]
'''Fokko Ukena''', yn âlde skriften oantsjutten as '''Focko Ukena''', ([[Neermoer]] [[1370]]? - [[Dykhuzen]] [[1435]]) wie in ynfloedrike [[haadling]] yn it tiidrek fan de [[Fryske frijheid]]. Hy spile in wichtige rol yn de striid tusken de [[Skieringers]] en [[Fetkeapers]] yn de provinsjes [[Grinslân]] en [[Fryslân]]. Dêrneist wie hy ien fan de liedende figueren yn it ferset tsjin it festigjen fan lânhearlik gesach troch de geslachten [[Tom Brok]] en [[Cirksena]] yn [[East-Fryslân]].
De troch Ukena opstelde willekeuren of wetten binne de lêste wetten dy't min of mear jild hawwe yn it hiele Fryske gebiet tusken [[Fly]] en [[Weser]].
Rigel 6:
Fokko Ukena stamme út in earm mar âld haadlingelaach út Neermoer of Edermoer yn Eastfryslân. De namme fan syn heit wie Uko en dêrom waard er Ukena neamd. Syn mem wie Amke fan Lengen fan it laach [[Ripperda]]. Troch syn houlik mei Theda fan Reide koe der syn besit útwreidzje. Ut dat houlik waarden twa jongens berne Uko Fokkena en Udo Fokkena en twa dochters Amke en Bawe. Syn twadde houwlik wie mei Hidde fan Dykhuzen, dy't him de stins [[Dykhuzen]] by Appingadam, Weiwerd, Wirdum en Oterdum oanbrocht. Ut dat twadde houlik krige hy ien bern, in famke Ulske.
 
Fjirtich jierren hat Fokko Ukena oanfierder west fan de Fryske fryheidstriders tusken Fly en Weser. Sa no en dan hied er de seerôvers fan de Fryske kusten, de saneamde ‘[[likedielers]]’ (''victaliebroeders''), as bûnsmaten en focht er foar de Fryske ienheid tsjen allen en elkenien, soms mei de Tomtom BroeckeBroke en Fetkeapers, dan wer mei de Skieringers, meastentiids tsjin Hamburch, Aldenboarch, Bremen, sa no en dan tsjin de stêd [[Grins]].
 
Yn âlde kroniken wurdt Fokko Ukena beskreaun as in grutte ferskining (hy stekke mei de holle boppe it folk út), in berne oanfierder en lieder.