Harlingerlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
No edit summary
Rigel 6:
 
== Skiednis ==
Harlingerlân nimt in bysûnder plak yn de skiednis fan East-Fryslân yn. Yn de tiid fan de [[Sân seelannen|Fryske Seelannen]] wie de krite bekend ûnder de namme Herlogoa en hat it him fan de [[11e ieu]] ôf út stikken fan de goaen [[Noardlân]] en [[Wangerlân]] opboud. Fan [[1237]] ôf komt it gebiet as politike namme foar, sûnt dy tiid waarden de bewenners fan dit gebiet ek belutsen yn de Fryske oarlochsfiering.
 
Neidat [[Sibet Attena]], de foaroanman fan it gebiet, yn de jierren [[1454]]-[[1455]] de hearskippen fan [[Easens]], [[Wittmund (stêd)|Wittmund]] en [[Stedesdorf]] feriene hie, bewarre hy mei dizze lannen lange tiid nei it einigjen fan de [[Fryske Frijheid]] en it tiidperk fan de [[Haadlingen]] harren selsstannigens. Lange tiid gie dit goed en libben de lannen neist en mei inoar, mar nei ferrin fan tiid kamen der konflikten mei de [[famylje Cirksena[[Sirksena]], de lânshearen fan [[East-Fryslân]]. Yn it bysûnder wienen Harlinger haadling [[Hero Omken]] en syn soan [[Balthasar fan Easens]] striidber.
 
Yn [[1530]] nimt [[Greve Enno II]] Harlingerlân mei syn leger yn. Balthasar flecht nei it [[Greefskip Rietberch]], mei de lânhearen fan dizze krite wie hy nau besibbe. Fan dêr gie hy nei Hartoch [[Karel fan Gelre]]. Dizze holp Balthasar om yn [[1531]], ien de [[Geldereske Skeel]], Harlingerlân werom te winnen. Hjirop stelde Balthasar syn lân ûnder it regear fan fan Gelre, as [[hearlikheid]]. Dêrmei ferlear Harlingerlân syn selsstannigens.