Leersum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kaartsje der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎It besjen wurdich: ôfbyld tombe Nellesteijn
Rigel 21:
[[Ofbyld:Kapmeeuwen in natuurreservaat Weeknummer 71-27 - Open Beelden - 12715.ogv|thumb|right|[[Kob|Kobben]] briede yn it feangebiet [[Leersumske Fjild]] by Leersum (1971)'']]
* Wa't nei Amerongen rydt, sjocht de Herfoarme tsjerke fan Leersum. De skiednis fan de tsjerke giet werom oant ± 1300, yn dy tiid kaamd er in romaans gebouke te stean dat wijd waard oan de aartsingel Michaël. Letter kaam der in smelle toer (1500) oan fêst en waard de tsjerke útwreide mei ien transept. Binnen stiet in preekstoel út 1676 en in oargel fan de firma Reil út 1971.
* [[Steatsboskbehear]] Heuvelrêch-Súd beheart in natoerterrein fan 610 ha grut, mei meast nuddelhout. It bestiet út de kompleksen Leersumsk Fjild en De Heechstrjitte. Yn it Leersumske Fjild wieewie eartiids in kobbenreservaatkobbereservaat. Undanks dat no alle kobben ferdwûn binne, wurdt noch wol de briedperioade oanhâlden om it terrein mei al syn fûgels rêst te gunnen (it is dan ek noch altiten tusken 15 maart - 15 july sluten).
* [[Kastiel Broekhuizen]] (even westlik fan Leersum), is fan 1650. It is nei in grutte brân yn 1906 safolle mooglik yn de âlde styl werboud. De foargevel draacht it wapen fan de famylje Van Broeckhuysen, dy't al yn 1294 besittingen yn dit gebiet hie.
[[Ofbyld:Graftombe Van Nellestein Leersum 2.jpg|thumb|left|''Grêftombe Van Nellesteijn'']]
* De Grêftombe fan de famylje Van Nellesteijn is in monumint op it heechste punt fan De Donderberch (36 m), mei oan de foet derfan de grêfkelder fan de famylje Van Nellesteijn. De grêftombe is 14 m heech en jout in moai útsjoch oer de omjouwing. De tombe is iepnsteldiepensteld op snei tusken 12.00 en 16.00 oere.
* Leersum hat in (ferwaarme) Boskbad, it ienige swim- en rekreaasjebad midden yn de natoer yn dizze regio.
* Jierliks wurdt op de tredde sneon en snein fan augustus in grut [[Blommekorso]] hâlden. Op sneon ride sirka 15 prealweinen fersierd me dahlia's twa ronden troch it doarp, ôfwiksele troch muzykkorpsen. Der wurde per korso ± 1.200.000 dahlia's brûkkt.