Leersum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎It besjen wurdich: ôfbyld tombe Nellesteijn
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 22:
* Wa't nei Amerongen rydt, sjocht de Herfoarme tsjerke fan Leersum. De skiednis fan de tsjerke giet werom oant ± 1300, yn dy tiid kaamd er in romaans gebouke te stean dat wijd waard oan de aartsingel Michaël. Letter kaam der in smelle toer (1500) oan fêst en waard de tsjerke útwreide mei ien transept. Binnen stiet in preekstoel út 1676 en in oargel fan de firma Reil út 1971.
* [[Steatsboskbehear]] Heuvelrêch-Súd beheart in natoerterrein fan 610 ha grut, mei meast nuddelhout. It bestiet út de kompleksen Leersumsk Fjild en De Heechstrjitte. Yn it Leersumske Fjild wie eartiids in kobbereservaat. Undanks dat no alle kobben ferdwûn binne, wurdt noch wol de briedperioade oanhâlden om it terrein mei al syn fûgels rêst te gunnen (it is dan ek noch altiten tusken 15 maart - 15 july sluten).
* [[Kastiel BroekhuizenBroekhuisen]] (even westlik fan Leersum), is fan 1650. It is nei in grutte brân yn 1906 safolle mooglik yn de âlde styl werboud. De foargevel draacht it wapen fan de famylje Van Broeckhuysen, dy't al yn 1294 besittingen yn dit gebiet hie.
[[Ofbyld:Graftombe Van Nellestein Leersum 2.jpg|thumb|left|''Grêftombe Van Nellesteijn'']]
* De Grêftombe fan de famylje Van Nellesteijn is in monumint op it heechste punt fan De Donderberch (36 m), mei oan de foet derfan de grêfkelder fan de famylje Van Nellesteijn. De grêftombe is 14 m heech en jout in moai útsjoch oer de omjouwing. De tombe is iepensteld op snei tusken 12.00 en 16.00 oere.