Leersum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
 
== Skiednis==
* De namme Leersum komt as "Hlarasheim" foar it earst foar yn de 11e ieu, yn in guodregister fan de [[abdij fan [[Essen-Werden|Werden]] (yn it [[Ruhrgebiet]]). Letter lêze wy faker de foarmen "Laresheim" of "Laresheem". Oant de dei fan hjoed komme wy dizze namme oars tsjin (bygelyks by de lokale sportferiening "Larsheim")
* De betsjutting fan de namme hat betrekking op de lizzing yn de bosken. By "leer" of "laar" moatte wy tinke oan in bosk dat troch de bewenners dy't der tichtby wennen brûkt waard (om ^nder oare hout te sammeljen), wylst "heim" (hiem) wenplak betsjut.
* Leersum tankt har lizzing oan de Darthuizer Poart. Dit is ien fan de dalen dy't tsientûzenben jierren lyn ûntstienen op de Utertske Heuvelrêch troch skowende iislagen en raanwetter. Tsjûgen hjirfan binne de Zuilensteinse berch (52 m) en de Darthuizer berch (48 m). Op de hegere plakken waard it waarmer en ûntstie wilige plantegroei, wêrút feanlagen fuortkamen. Troch natoerrampen en benammen troch minsklike ûntginning gie in soad bosk ferlern en ûntstienen sânferstowings dy't bewenners ynn harren bestean bedrigen. [[Werbebosking]] yn de 19e ieu brocht rêding op de Heuvelrêch. Nije bosken soargen foar hannel en niverheid en lokken in soad natoerleafhawwers nei Leersum ta.