Edzard de Grutte fan Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: fr:Edzard Ier de Frise orientale
Bernd (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jacob Cornelisz van Amsterdam.jpg|250px|thumb|Greve Edzard I om 1520/30 hinne.]]
'''Edzard I''' of '''Edzard de Grutte''' ([[Greetsiel]], jannewaris [[1462]] - [[Emden]], [[14 febrewaris]] [[1528]]), út it haadlingelaach [[CirksenaSirksena]], wie greve fan [[East-Fryslân]] fan [[1491]] oant syn dea yn 1528. Hy hat besocht nei de ein fan de Fryske frijheid safolle mooglik Fryske lannen ûnder syn gesach te bringen. Yn de Kanon fan de Fryske Skiednis wurdt er de ''Bouwer fan in Fryske steat'' neamd.
 
Doe't Edzard yn 1492 fan in [[pylger]]stocht weromkaam, regearre er East-Fryslân earst mei syn mem Thede. Nei't de mem yn 1494 stoar, regearre er mei syn, minder belangrike en minder ynfloed hawwende, broer Uko.
 
== Libbensrin ==
Yn 1464 waard Edzard syn heit [[Ulrik CirksenaSirksena]] greve fan East-Fryslân en hearske oer it gebiet tusken [[Wezer]] en [[Iems]]. Syn macht rikte lykwols net hielendal oan de Iems ta. It haaddoel fan Edzard wie om East-Fryslân oant de Wezer ta ûnder syn gesach te bringen. Dêrfoar oermastere hy de gebieten fan Hero Omken fan it [[Harlingerlân]] en Edo Wiemken fan [[Jever|Jeverlân]], dy't leaver de macht holden yn harren eigen lantsjes as diel út te meitsjen fan de Fryske ienheid. Yn [[Rustringen]] waard er yn de maaitiid fan 1500 troch de befolking erkend.
 
Doe't syn macht tusken Iems en Wezer ien kear wis wie, hie Edzard ek de ambysje om yn westlike rjochting te ekspandearjen. Dêrby tocht er yn earste ynstânsje oan de [[Lauwers]] as westlike grins. Hy slagge deryn dat de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] him yn [[1506]] as hear erkende en waard steedhâlder fan de [[Ommelannen]]. Formeel oefene hy dizze lêste funksje út foar de hartoch fan Saksen, mar yn de praktyk koe er dêr syn eigen gong gean. Yn [[Westerlauwersk Fryslân]] hie er ûnderwilens ek oanhingers krigen. De Saksyske bestjoerders, dy't feitlik út namme fan it [[Hillige Roomske Ryk]] it bewâld hiene, waarden stadich oan benaud foar Edzard syn macht. Dat die benammen bliken doe't der yn 1512 twa Fryske eallju ûnthalze wurde op fertinking fan kontakten mei Edzard.
Rigel 20:
 
=== Houlik en bern ===
Edzard krige út it houlik, dat yn 1498 sletten wie mei Elisabeth von Rietberg, sân bern, wêrfan fjouwer dochters en trije soannen. Omdat it geastlike fermogen fan syn âldste soan net tarikkend wie om syn hearskappij oer te nimmen, fierde Edzard yn 1527 de Primogenituer (erfopfolging foar it earste bern) yn it Hûs [[CirksenaSirksena]] yn.
 
Edzard stoar op [[14 febrewaris]] [[1528]] yn [[Emden]] en leit yn [[Kleaster Marienthal]] yn [[Norden]]. Yn de lette 16e ieu, in tiid dy't foar East-Fryslân net sa bêst wie, waard Edzard I yn de neitins fan de befolking ferhearlike as 'Edzard de Grutte'.