Edzard de Grutte fan Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
No edit summary
Bernd (oerlis | bydragen)
Rigel 5:
 
== Libbensrin ==
Yn 1464 waard Edzard syn heit [[UlrikUlrich Sirksena]] greve fan East-Fryslân en hearske oer it gebiet tusken [[Wezer]] en [[Iems]]. Syn macht rikte lykwols net hielendal oan de Iems ta. It haaddoel fan Edzard wie om East-Fryslân oant de Wezer ta ûnder syn gesach te bringen. Dêrfoar oermastere hy de gebieten fan Hero Omken fan it [[Harlingerlân]] en Edo Wiemken fan [[Jever|Jeverlân]], dy't leaver de macht holden yn harren eigen lantsjes as diel út te meitsjen fan de Fryske ienheid. Yn [[Rustringen]] waard er yn de maaitiid fan 1500 troch de befolking erkend.
 
Doe't syn macht tusken Iems en Wezer ien kear wis wie, hie Edzard ek de ambysje om yn westlike rjochting te ekspandearjen. Dêrby tocht er yn earste ynstânsje oan de [[Lauwers]] as westlike grins. Hy slagge deryn dat de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] him yn [[1506]] as hear erkende en waard steedhâlder fan de [[Ommelannen]]. Formeel oefene hy dizze lêste funksje út foar de hartoch fan Saksen, mar yn de praktyk koe er dêr syn eigen gong gean. Yn [[Westerlauwersk Fryslân]] hie er ûnderwilens ek oanhingers krigen. De Saksyske bestjoerders, dy't feitlik út namme fan it [[Hillige Roomske Ryk]] it bewâld hiene, waarden stadich oan benaud foar Edzard syn macht. Dat die benammen bliken doe't der yn 1512 twa Fryske eallju ûnthalze wurde op fertinking fan kontakten mei Edzard.