Greefskip Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Yn 1464 waarden de [[CirksenaSirksena]]'s mei it Ryksgreefskip Eastfryslân beleanne. Nei de ein fan de [[Fryske frijheid]] yn de [[provinsje Fryslân]] en de [[Ommelannen]] yn 1498, besiket [[Edzard de Grutte]] fan Eastfryslân yn it begjin fan de 16e ieu syn macht nei it westen ta út te wreidzjen, om de eardere gebieten fan it [[Upstalbeam]]bûn te werienigjen yn ien moderne Fryske steat. It konflikt einiget mei it [[Saksyske Skeel]] (1514-1517). It [[Saksyske Skeel]] rint min ôf foar CirksenaSirksena. Yn 1517 waard in oerienkomst sletten tusken Edzard en [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk]]. Eastfryslân soe tenei in greefskip bliuwe binnen it [[Hillige Roomske Ryk]].
 
Yn 1744 ferlear Eastfryslân syn selsstannigens en hearde tenei by Prusen as de [[Provinsje Eastfryslân]]. Nei it [[Kongres fan Wenen]] hearde it by it [[Keninkryk Hannover]]. Yn 1866 kaam Eastfryslân wer by Prusen en sûnt 1946 is Eastfryslân in ûnderdiel fan de dielsteat [[Leechsaksen]]. Troch it opheffen fan de [[Provinsje Auwerk]] yn [[1978]] komt der in ein oan de lange skiednis fan Eastfryslân as bestjoerlike ienheid. It gebiet fan it eardere greefskip hat nei 1978 noch wol syn [[Ostfriesische Landschaft]], in kultuerparlemint foar Eastfryslân.