Germanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wat útwreide, red
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: el:Γερμανικά φύλα; tekstwiziging
Rigel 1:
'''Germanen''' is de gearfetsjende namme fan de [[folk]]en dy't [[Germaanske talen]] sprekke. Dizze befolkingskloften binne likernôch 1400-1200 f. Kr. yn Súd-[[Skandinaavje]] en Noard-[[Dútslân]] ûntstean, nei alle gedachten troch ferminge fan in út it suden wei komd [[Yndo-Jeropeesk]] folk mei de oarspronklike befolking. Tsjinwurdich libje de bewenners mei in Germaanske taal noch hieltyd yn itselde gebiet, mar hawwe se harren ek yn grutte oantallen festige yn [[Grut-Brittanje]], [[Yslân]] en yn eardere oerseeske koloanjes, lykas yn [[Noard-Amearika]], [[Austraalje (wrâlddiel)|Austraalje]] en Súd-[[Afrika]].
 
== Skiednis ==
Healwei de [[1e ieu f. Kr.]] rekke de [[Romeinen]] yn gefjocht mei Germaanske stammen by harren besykje it [[Romeinske Ryk]] nei it noarden út te wreidzjen. Hja neamden dat gebiet [[Germaanje]] en besochten it lân tusken de [[Ryn]] en [[Elbe]] te ûnderwerpen, mar moasten har mei de [[Limes|Ryngrins]] fergenoege. Yn it suden wie de [[Donau]] de swette tusken it Germaanske gebiet en de Romeinske Ryk. Yn de [[4e ieu]] brutsen de Germanen foarfêst oer dizze grinzen hinne en ferrize oeral yn it Romeinske Ryk [[Germaanske keninkryk|Germaanske keninkriken]] û.o. fan de [[Goaten]], [[Fandalen]], [[Franken]], [[Bourgonden]] en [[Longobarden]]. Yn it [[Grutte Folkeferfarren]] fûn in hergroepearring plak fan de Germaanske stammen yn folken, yn West-Jeropa yn Franken, [[Friezen]] en [[Saksen]]. Ut [[Denemarken]] stutsen [[Angelen]], [[Jutten]] en Saksen oer nei [[Ingelân]], guon dêrfan kammen yn it kustgebiet fan Nederlân te lâne. Op de ein fan de [[8e ieu]] ferspraten de [[Wytsingen]] har fan [[Skandinaavje]] út oer hiel West- en Súd-Jeropa.
 
== Sjoch ek ==
Rigel 25:
[[da:Germaner]]
[[de:Germanen]]
[[el:Γερμανικά φύλα]]
[[en:Germanic peoples]]
[[eo:Ĝermanoj]]