Galge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfollinkje
oanfol fan Mol
Rigel 1:
{{stobbe}}
 
[[Ofbyld:Tombstone courthouse gallows.jpg|thumb|''Nijbou fan in histoaryske galge yn [[Tombstone]] Courthouse State Historic Park, Arizona'']]
In '''galge''' is in, meast houten, stellaazje dêr't feroardielden mei deamakke wurde troch ophingjen.
Line 8 ⟶ 6:
 
De fêste galge stie meast op in plak dêr't er al fan fierens goed yn it each foel, oan de râne fan de stêd of fan it rjochtsgebiet yn it gefal fan grytenijen, bygelyks oan in grutte dyk as feart. In heuvelich gebiet hie faak galgenbergen. Dêr waard it soflik omskot nei de eksekúsje ophongen as ôfgryslik foarbyld, bedoeld om it bewenners en reizgers dúdlik te meitsjen dat wetshanthavening dêr serieus naam waard.
 
Johannes Mol syn publikaasje ''Gallows in Late Medieval Frisia'' (2007) lit sjen dat yn [[Westerlauwersk Fryslân]] yn de lette-[[midsieuwen]] it tal galgen tanaam. Der wiene teminsten 40 (fêste) galgen yn [[1515]]. Neffens Mol waarden dêr lykwols net mear minsken as op oare plakken yn Nederlân ta de dea troch ophingjen feroardiele en wie de galge yn Fryslân ek symboal foar de juridyske selstannigens fan in doarp of grytenij. Under it bewâld fan de [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Habsburgers]] waard it tal galgen hurd leger.
 
<gallery>